Yme Kuiper (sportbestjoerder)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Yme Jzn. Kuiper is in sakeman út It Hearrenfean mei in gruthannel yn bakkersgrûnstoffen. Wie ien fan de trije direksjeleden fan SK It Hearrenfean. Mei Henk Hoekstra en Jan van Erve wie hy ferantwurdlik foar de deistige gong fan saken by de klup. Kuiper wie ferantwurdlik foar de algemiene en technyske saken. Net-formeel waard hy sjoen as de foarsitter fan de klup, hy folge Koos Formsma op dy't yn de simmer fan 2007 nei in jier ophâlden wie as foarsitter. Kuiper treed ek faak yn de rol as foarsitter yn namme fan de klup nei bûten. Foardat Kuiper lid waard fan de direksje wie er ek al jurist foar SK It Hearrenfean.

Sûnt 1 augustus 2010 is Kuiper opfolge troch Robert Veenstra as foarsitter fan SK It Hearrenfean.