Yby Potlatch
Yby Potlatch | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 11 april 1976 | |
berteplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder |
Yby Potlatch (Drachten, 11 april 1976) is in Frysk autodidaktysk keunstneresse. Sy wennet anno 2024 yn Hylpen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yby Potlatch wenne yn in dykhúske by Westhoek oan de Aldebiltdyk. Neist har keunstsinnige beuzichheden set se har tige yn foar it miljeu. Yn 2004 is hja begûn mei it projekt 'Natuurlijk Leven', dêr’t se omtinken frege foar duorsumheid. It mûndershûske dat se doedestiids bewenne wie in foarbyld fan miljeufreonlik libjen en bouwen. It wie net oansluten op nutsfoarsjennings en liet sjen dat minsken noch altiten selsfoarsjennend libje kinne.
Yn 2007 en septimber 2012 kaam se yn it nijs doe’t hja al it wurk dat se sûnt dy tiid makke hie oan belangstellenden weijoech[1]. It gie yn 2012 om mear as 300 doeken dêr’t in soad belangstelling foar wie.
Potlatch woe mei har aksje sjen litte dat it net allegear om jild draait en wol de wrâld leafde skinke. 'Fan de polityk, it hiele systeem alle ego’s en macht yn de wrâld haw ik skjin myn nocht'. It is tiid foar de leafde. De iuw fan de laits en it tiidrek foar strielende minsken en de tiid om de wrâld om te tsjoenen yn kleur’, neffens Yby. De keunstnersnamme Potlatch komt fan 'e potlatch, in ritueel fan in grut tal Yndiaanske folken oan 'e Pasifyske Noardwestkust fan Noard-Amearika, en betsjut ‘wat dierbers weijaan’. Sokke ûnbaatsuchtigens is in teken dat de jaande persoan by steat is him los te meitsjen fan de binings mei de stoflike wrâld.
Yby fynt har ynspiraasje yn de kultueren fan natuerfolken en yn it Sjintoïsme; yn de 'emoasjes fan minsken en bisten, planten en beammen'. Yn har wurk sitte in soad abstrakte en figurative bistefigueren, mar ek frouljusfigueren en universele wêzens. Leafde, hertstocht en emoasjes by bisten dy’t oproppen wurde troch it minsklik hanneljen.
Har wurk makket se sûnder it brûken fan, neffens har, 'fersmoargjende' middelen as drugs, kafeïne, tabak en dierlike produkten, fleis, sûker en 'gemysk iten', se is sadwaande ek fegetariër. Har wurk hat kleurige flakken mei swarte rânen der omhinne en wite en swarte farvespatten dy’t it universum ferbyldzje.
Yby bewûnderet it wurk fan ûnder oaren Jean-Michel Basquiat, Amadeo Mogdigliani, Andy Warhol, Frida Kahlo en Vincent van Gogh.
Se sinjearret mei de opfallend grut skildere namme YBY.
Op 1 juny 2024 waard de Yby Potlatch Gallery Shop yn Warkum iepene.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ik geef mij
-
I will stay connected to Mother Earth forever
-
I returned to myself
-
Life on the Oudebildtdijk is nice and quiet, 2019.
-
And there you came my angel. You saved me from death
-
Lovely Kiku, is dreaming in the sun, 2019
(Kiku is it hûntsje fan Yby) -
I love you sweet curlew (2019)
-
Wooden box en The secret of the dragon (2019)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |