Springe nei ynhâld

Wytze Kooistra

Ut Wikipedy
Wytze Kooistra
sporter
Wytze Kooistra
Wytze Kooistra
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3 juny 1982
berteplak Westerbork
lingte 2,09 m
sportive ynformaasje
sport Follybal

Wytze Kooistra (Westerbork, 3 juny 1982) is in Nederlânsk follybalspiler.

Hy begûn tegearre mei syn broer te follybaljen doe't er acht jier âld wie. Hy wenne doe yn Noordsleen, dat hy spile ek by de klup út dat plak, VV Sleen. Al gau die bliken dat Kooistra in talint wie yn it follybal. Hy waard al gau útnûge foar seleksjetrenings, as earste foar de regionale seleksje en letter ek foar de nasjonale seleksje. By de junioaren wie er ferskate kearen Nederlânsk kampioen yn ferskate leeftydskategoryen. Nei't er foar de junioarenploech fan Nederlân spile, ferhuze er fan Noordsleen nei Assen, hy hie doe fan 1990 oant 1998 spile by VV Sleen. Yn Assen kaam er by SuDoSa Assen terjochte dêr't er meispile mei de twadde ploech yn de twadde difyzje en meitrene koe mei de earste ploech.

Yn 2000 ferliet er dy ploech, hy gie doe oer nei Lycurgus út Grins. Hy die dat omdat er sa syn stúdzje goed kombinearje koe mei it follybaljen. Nei in jier gie er nei Apeldoarn, nei de klup Piet Zoomers/D. Dêr helle er in soad súksessen: yn it earste jier wûn er de "Top Teams Cup" en waard de ploech kampioen fan Nederlân. Yn de jierren dêrnei hat er him yndividueel goed ûntwikkelje kinnen, hy waard dan ek útnûge foar de Nederlânske follybalploech.

Wytze Kooistra

Hy krige doe in soad oanbiedings fan sterke ploegen, mar hy woe graach ôfwachtsje oant der in klup út Itaalje kaam. Dy klup kaam ek, yn 2005 ferhuze er nei de klup Itas Diatec Trentino. In dream kaam foar him út, as lyts jonkje dreamde er al dat er ea spylje mocht yn de sterkste kompetysje fan de wrâld, dy yn Itaalje. Mei de nasjonale junioarenploech en de nasjonale ploech spile er ferskate toernoaien, fral by de junioarenploech gie it op en del. Op 1 oktober 2010 hie Wytze Kooistra yn totaal 167 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Hy hat yn de jierren faak fan posysje feroare, úteinlik kaam er út op de sintrale blokposysje. Nei it aventoer by Trentino gie er nei in jier nei M. Roma Volley út Rome. Nei twa jier, yn 2008, gie er nei de klup Pallavolo Modena, wer yn Itaalje. Oant heal 2011 spile er dêr noch by. Doe is Kooistra nammentlik oerstapt nei Poalen, hy soe dêr spylje foar de klup Skra Belchatow[1].

Doe't er noch yn Nederlân spile, kombinearre er syn stúdzje en it follybaljen altiten. Nei't er it VWO helle hie, woe er graach nei in universiteit. Hy woe graach in stúdzje folgje dy't rjochte wie op it bûtenlân en dêr't er de frijheid hie om profesjoneel follybal te spiljen. De kar foel úteinlik op de stúdzje Business Administration oan de Universiteit fan Grins. Hy helle syn "master" titel op 13 septimber 2005.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Nieuwe club Flier, Bontje, Kooistra". NOS.nl, 18 juny 2011