Wynmotor Goutum 2

Ut Wikipedy
Wynmotor Goutum 2

Wynmotor Goutum 2 is in Amerikaanske wynmotor oan de Wâldwei by Goutum. It is in mûne fan it type "Record", en is makke troch de bruorren Bakker út Drylts. De mûne waard begjin tritiger jierren boud op it stee fan in eardere tradisjonele wynmûne. Op inkele tsientallen metere stie in twadde mûne dêr't de betonnen fûneminten noch fan te finen binne.

Net fier hjirwei stiene folle mear mûnen dy't letter ferfongen binne troch wynmotors. Se binne allegear ferdwûn. De toer stiet yn in betonnen fundearringsbak mei houten deksels. Yn dy fundearringsbak sit in stielen waaierpomp mei in houten opliederpiip mei in houten weromslachklep. Oan de polderside sit in stielen kroasstek. De mûne bemealt it eardere bemealingsgebiet de "Goutumer Mieden" en mealt út op de Fryske boezem. De stielen toer fan normale hichte hat in leider en in achtkante stelling besteande út stielen lizzers, in houten dek en in stielen stekwurk. Oan de boppeside fan de toer sit in jitstielen motorlichem. It wynrêd mei 16 galvanisearre stielen blêden hat in trochsneed fan 4,50 meter. It rêd hat seis stielearmen wêrtusken segminten mei elk trije blêden ferbûn troch twa ringen sitte. De mûne hat ien faan foar de selsregeling nei de wynrjochting. De selsregeling nei wynsterkte bart trochdat by tanimmende omrinsnelheid de optredende toskdruk-reaksjekrêft fan it wynrêd grutter wurdt as de spanning fan de skroeffear fan de faan, de mûne sil him hjirby krimpend út de wyn draaie. De boppe-as fan de mûne hat in gangynstallaasje dy 't automatysk oan giet by it út de wyn draaien fan de mûne. De mûne hat in jitstielen geand wurk en stielen spillen. De waaierpomp wurdt hjirby daliks oandreaun troch de fertikale spil.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: