Springe nei ynhâld

Wynmotor Goutum 1

Ut Wikipedy
Wynmotor Goutum 1

Wynmotor Goutum stiet oan de Hounsdyk, krekt bûten Goutum. De mûne is in ryksmonumint. It is de twadde mûne dy't de 'Stichting ta behâld fan de Amerikaanske wynmotors yn Goutum en Wurdum/Swichum' restaurearje sil. De restauraasje wurdt dien ûnder tafersjoch fan de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed (RCE).

De mûne is fan it type "Record", en is makke troch de bruorren Bakker út Drylts yn de jierren tritich op it stee fan in eardre gewoane wynmûne. De mûne bemealt de Goutumer Mieden besuden de Hûnsdyk en mealt út op de Fryske boezem. It wynrêd hat sechtjin galvanisearre stielen blêden en hat in trochsneed fan 4,50 meter. De mûne hat ien faan foar de selsregeling nei de wynrjochting. De selsregeling nei wynsterkte bart trochdat by tanimmende omrinsnelheid de optredende toskdruk-reaksjekrêft fan it wynrêd grutter wurdt as de spanning fan de skroeffear fan de faan, de mûne sil him hjirby krimpend út de wyn draaie. De boppe-as fan de mûne hat in gongynstallaasje dy 't automatysk oan giet by it út de wyn draaien fan de mûne. De mûne hat in jitstielen geand wurk en stielen spillen. De waaierpomp wurdt hjirby daliks oandreaun troch de fertikale spil.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: