Springe nei ynhâld

Wylde apel

Ut Wikipedy
wylde apel

beam

fruchten
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift roaseftigen (Rosales)
famylje roazen (Rosaceae)
skaai apels (Malus)
soarte
Malus sylvestris
(L.) Miller, 1768

De wylde apel (Malus sylvestris = apel út it bosk) is in plant út de roazefamylje (Rosaceae). De soarte komt foar yn Jeropa en Súdwest-Aazje yn hagen en strewiel. It is in lytse beam of strûk, dy't tsien meter heech wurde kin, mar meast is stik lytser bliuwt. Fan de wylde apel stamje de kweekte rassen ôf: Malus domesticus. Somtiden wurdt de stamme noch as ûnderstamme brûkt dêr't nijmoadrige rassen op inte wurde, mar faker wurde stadiger groeiende ûnderstammen brûkt. Wylde apels wurde ek wol as als sierstrûk kweekt.

De wylde apel hat in tichte, lege en koepelfoarmige kroan mei tichte, kringeljende tûken. De bast is griiseftich brún of donkerbrún. Faak is de bast barsten yn rjochthoekige stikjes. De twigen binne ribbelich en faak toarnich. De boppekant is donkerpears en de ûnderkant is bleekbrún. Der sitte lytse knoppen op fan 4-5 mm. Dizze binne donkerpears en bedutsen mei lytse hierkes.

De wylde appel hat aaifoarmige blêden mei in ôfrûne of kilige foet. De spitske blêden binne kartele of skerptakkich. It blêd is sa'n 5 x 3 sm grut. De blêdstâle is mei groeven en ticht behierre. Het blêd is oan de boppekant heldergrien en oan de ûnderkant bleek en dûnzich.

De wylde appel hat lytse blommen mei fiif wite kroanblêdsjes dy't út in rôzens skine. Der binne in soad giele moalstêfkes. De bloeiwijze is in skermfoarmige string en sit oan de útein fan de koarte lotten.

De frucht (de apel) is bolfoarmich en grienich-giel mei wite spikkels. Somtiids binne se in bytsje read. De top en basis binne wat yndûke. Wylde apels binne soer, mar wol lekker.

De Wylde Apel wurdt foar de sier brûkt, mar ek foar it hout. It readbrune hout is hurd en taai. It hat in fine fezel en wurdt brûkt foar snijwurk en eartiids yn de weinmakkerij en foar houten skroeven.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Malus sylvestris fan Wikimedia Commons.