Wylde apel
wylde apel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
beam fruchten | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Malus sylvestris | ||||||||||||
(L.) Miller, 1768 | ||||||||||||
De wylde apel (Malus sylvestris = apel út it bosk) is in plant út de roazefamylje (Rosaceae). De soarte komt foar yn Jeropa en Súdwest-Aazje yn hagen en strewiel. It is in lytse beam of strûk, dy't tsien meter heech wurde kin, mar meast is stik lytser bliuwt. Fan de wylde apel stamje de kweekte rassen ôf: Malus domesticus. Somtiden wurdt de stamme noch as ûnderstamme brûkt dêr't nijmoadrige rassen op inte wurde, mar faker wurde stadiger groeiende ûnderstammen brûkt. Wylde apels wurde ek wol as als sierstrûk kweekt.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wylde apel hat in tichte, lege en koepelfoarmige kroan mei tichte, kringeljende tûken. De bast is griiseftich brún of donkerbrún. Faak is de bast barsten yn rjochthoekige stikjes. De twigen binne ribbelich en faak toarnich. De boppekant is donkerpears en de ûnderkant is bleekbrún. Der sitte lytse knoppen op fan 4-5 mm. Dizze binne donkerpears en bedutsen mei lytse hierkes.
De wylde appel hat aaifoarmige blêden mei in ôfrûne of kilige foet. De spitske blêden binne kartele of skerptakkich. It blêd is sa'n 5 x 3 sm grut. De blêdstâle is mei groeven en ticht behierre. Het blêd is oan de boppekant heldergrien en oan de ûnderkant bleek en dûnzich.
De wylde appel hat lytse blommen mei fiif wite kroanblêdsjes dy't út in rôzens skine. Der binne in soad giele moalstêfkes. De bloeiwijze is in skermfoarmige string en sit oan de útein fan de koarte lotten.
De frucht (de apel) is bolfoarmich en grienich-giel mei wite spikkels. Somtiids binne se in bytsje read. De top en basis binne wat yndûke. Wylde apels binne soer, mar wol lekker.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wylde Apel wurdt foar de sier brûkt, mar ek foar it hout. It readbrune hout is hurd en taai. It hat in fine fezel en wurdt brûkt foar snijwurk en eartiids yn de weinmakkerij en foar houten skroeven.
-
Wylde apelbeamkes
-
Blomkes
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Malus sylvestris fan Wikimedia Commons. |
- Beammesoarte
- Roas (famylje)
- Roaseftige
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Fatikaanstêd
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Monako
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Iran