World Servants

Ut Wikipedy
World Servants
Logo fan de Nederlânske tûke fan World Servants
Logo fan de Nederlânske tûke fan World Servants
algemiene ynformaasje
type org. ûntwikkelingsorganisaasje
fêstige yn Wolvegea
oprjochte 1986
1988
oprjochter Jack Larson
Joop van der Meer
aktyf yn East-Europa, Aazje, Afrika,
Súd-Amearika
adres Yndustrywei 12C
8471 AD Wolvegea
denominaasje Kristlik
biedwurd Bouwen aan verandering
(Oan feroaring bouwe)
offisjele webside
worldservants.nl

World Servants is in ynternasjonale frijwilligersorganisaasje op Kristlike grûnslach dy't in 1986 yn de Feriene Steaten troch Jack Larson oprjochte waard. De Nederlânske tûke World Servants Europe (fan 2007 ôf World Servants Nederland hjitten) waard yn 1988 oprjochte troch Joop van der Meer.

Nederlânske frijwilligers en de lokale mienskip bouwe meiïnoar oan klasselokalen yn Matipa, Sambia

World Servants assistearret yn ûntwikkelingslannen troch it bieden fan stipe by de realisaasje fan needsaaklike gebouwen, lykas skoalgebouwen en kliniken. World Servants docht dit troch it útstjoeren fan teams fan Nederlânske jongeren. It biedwurd fan World Servants is "Bouwen aan verandering", dat "Oan feroaring bouwe" betsjut. Yn de wurkwize fan World Servants is persoanlike feroaring fan jonge frijwilligers like wichtich as it ta stân kommen fan de needsaaklike gebouwen.

Yn de rin fan de jierren binne de Nederlânske en de Amerikaanske tûke kwa wurkwize útinoar groeid. Yn 2009 is it ynternasjonale bestjoer fan World Servants ûntbûn, wêrtroch't beide tûken gjin formele bân mear mei inoar ha. Sûnt 2018 is Gerben Huisman direkteur fan de Nederlânske tûke fan World Servants.