Sintraalaziatyske woastynsliepmûs
Sintraalaziatyske woastynsliepmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Selevinia betpakdalaensis | ||||||||||||
Belosludov & Bazhanov, 1939 | ||||||||||||
IUCN-status: te min gegevens | ||||||||||||
De Sintraalaziatyske woastynsliepmûs (Latynske namme: Selevinia betpakdalaensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e woastynsliepmûzen (Selevinia), dat inkeld foarkomt yn Kazachstan.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1939. Foarhinne waard er op taksonomysk mêd yndield yn syn eigen famylje, Seleviniidae, mar tsjintwurdich wurdt er beskôge as in soarte fan sliepmûs, hoewol't der noch altyd net folle oer dit bist bekend is. De Sintraalaziatyske woastynsliepmûs moat net betize wurde mei de Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Eliomys melanurus), dy't ta it skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys) heart.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne te min gegevens oer de Sintraalaziatyske woastynsliepmûs beskikber foar de IUCN om in ynskatting oangeande de status fan dit bist te meitsjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|