Wite Tsjerkje (Snits)
Appearance
It Wite Tsjerkje | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Julianastrjitte 5 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1907 | |
offisjele webside | ||
Side tsjerklike gemeente |
It Wite Tsjerkje is in tsjerkegebou yn de wyk Stasjonsbuert yn Snits. It tsjerkje stiet oan de Julianastrjitte, by it Julianapark.
It gebou is yn 1907 boud en wurdt sûnttiids brûkt troch de Kristlik Grifformearde Tsjerke. De tsjerke is in sealtsjerke, boud yn neoromaanske styl, mei ferskate rûnbôgefinsters en in lytse klokkepyloan. Yn 1966 is it pân troch brân skansearre en dêrnei yn soberder styl restaurearre.
Sûnt 2005 brûkt de Grifformearde Tsjerke it gebou ek.
Oan de efterside fan de tsjerke stiet in ferieningsgebou fan de tsjerkegemeente.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Himrik hat ek in 'Wite tsjerke'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|