Springe nei ynhâld

Win Remmerswaal

Ut Wikipedy
Win Remmerswaal
sporter
Win Remmerswaal (1979)
Win Remmerswaal (1979)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWilhelmus Abraham Remmerswaal
bynammeLast Call
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum8 maart 1954
berteplakDe Haach
stjerdatum24 july 2022
stjerplakDe Haach
sportive ynformaasje
sportHonkbal
debút1973
karriêre-ein1985

Wilhelmus Abraham (Win) Remmerswaal (De Haach, 8 maart 1954 - De Haach, 24 july 2022) wie in Nederlânsk honkballer. Remmerswaal wie in goede smiter dy't in wiidweidich arsenaal oan smiten manmachtich wie.

Hy spile yn Nederlân yn de haadklasse, foar de Nederlânske ploech en dêrnei yn Amearika dêr't er úteinlik twa seizoenen útkaam foar de haadmacht fan de Boston Red Sox yn de Major League. Hy wie de earste yn Nederlân oplate honkballer dy't yn de Major League spile. Dêrnei spile er noch in oantal jierren yn de Italjaanske haadklasse. Yn totaal spile er santjin jier op it heechste nivo yn Jeropa en Amearika wêrby't er de lânsitels mei syn klups wûn yn sawol Nederlân as Itaalje.

Remmerswaal stie bekend as in eksintrike honkballer. Wilens syn sportkarriêre rekke er ferslave oan alkohol. Nei in dêrnei besibbe oerhaal yn 1997 wenne er yn in fersoargingshûs yn Nederlân. Win Remmerswaal ferstoar op 24 july 2022 yn 'e âldens fan 68 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: