Springe nei ynhâld

Willem van der Woude

Ut Wikipedy
Willem van der Woude
Van der Woude (rjochts) yn Leien, 1917
Van der Woude (rjochts) yn Leien, 1917
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 jannewaris 1876
berteplak Easternijtsjerk
stoarn 23 septimber 1974 (98 jier)
stjerplak Oegstgeest
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt wiskundige, heechlearaar
offisjele webside
Gjin

Willem van der Woude (Easternijtsjerk, 15 jannewaris 1876 - Oegstgeest, 23 septimber 1974) wie in Nederlânsk wiskundige en heechlearaar fan Frysk komôf.

Van der Woude waard berne as soan fan de learaar Albert Roelofs van der Woude (Rinsumageast, 19 novimber 1834 - Dokkum, 16 juny 1916) en Reinske Willems Kuipers (1835-1924).

Van der Woude (midden) as rektor yn Leien (1945)

Van der Woude studearre oan de Universiteit fan Grins en wie dêrnei earst sa'n fyftjin jier (fan 1901 oant 1916) learaar yn Dimter. Yn 1908 promovearre er by Pieter Hendrik Schoute yn Grins (Über einander schneidende Normalen auf einem Ellipsoid und einem Hyperellipsoid). Fan 1916 oant syn emeritaat yn 1947 wie er heechlearaar yn de wiskunde en meganika oan de Universiteit fan Leien, dêr't yn de jierren tweintich ûnder oaren Dirk Jan Struik, Gerrit Bol, Egbert van Kampen en Oene Bottema by him promovearren en Tatjana Pavlovna Ehrenfest en Antonie Frans Monna by syn doktoraalstudeinten behearden.

Yn 1923, 1924, 1939 en 1940 wie die foarsitter fan it Keninklik Wiskundich Genoatskip.

It stúdzjejier 1934-1935 hie er de funksje fan rektor magnifikus oan de Universiteit fan Leien en yn de jierren 1941-43 wie er waarnimmend rektor magnifikus. Yn 1946 wie er de promotor fan Nicolaas Kuiper.

Publikaasjes (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Over elkaar snijdende normalen aan een ellipsoïde en een hyperellipsoïde. Dimter 1908
  • Over 't snijpuntenstelsel van twee algebraïsche krommen. Grins 1916
  • Meetkunde en ruimteleer. Leieen 1935
  • Programma der feestelijkheden t. g. v. het 370-jarig bestaan der Leidsche Universiteit en haar plechtige heropening, te houden van 15 Sept. tot en met 18 Sept. in het jaar der herleefde vrijheid 1945. Leien 1945

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) E. Bertin, H. Bos, A. Grootendorst: Two decades of mathematics in the Netherlands 1920–1940. Mathematical Centre, Amsterdam 1978