Willem Diemer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Willem Diemer (Borger, 9 april 1837 - Apeldoarn, 10 maart 1926), wie teolooch en grifformeard predikant.

Hy wie in soan fan Frederik Hendrik Diemer en Hillechien Mos. Willem waard op 1 maaie 1837 yn Borger doopt troch Ds. Hendrik de Cock, de man fan de Ofskieding fan 1834. Yn de tsjinst kaam de boargemaster mei de plysje yn tsjerke en sei: In den naam des konings gebied ik dat dit kind niet gedoopt zal worden. Ds. De Cock anderde :In den Naam van den Koning der Koningen gebied ik dat dit kind wel gedoopt zal worden; it dopen gie troch. Willem Diemer is it earste bern dat yn it doopboek fan de Kristlike Ofskieden gemeente yn Borger ynskreaun stiet.

Diemer troude mei 24 jier, op 01-08-1861 yn Swol mei Netta Arendina Hendrika van Beek, doe 19 jier âld.

Hy wie by de earste studinten oan de teologyske skoalle yn Kampen, waard resp. kristlik ôfskieden-, kristlik grifformeard- en grifformeard predikant yn Sluis (1860), Stadskanaal (1861), Alfen oan de Ryn (1864), Dokkum (1874) en Wijhe (1891); hy gong yn 1897 mei emeritaat.

Diemer wie predikant yn Dokkum fan 1874 oant 1891. Hy wie yn dy tiid ek polityk tige warber. Sa wie er redakteur fan it A.R.-blêd 'Het Noorden'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: