Willem Albeda

Ut Wikipedy
Wil Albeda (1977)

Willem (Wil) Albeda (Rotterdam, 13 juny 1925Maastricht, 6 maaie 2014) wie in Nederlânsk earder-politikus en minister fan Sosjale Saken yn it earste kabinet-Van Agt.

Albeda studearre ekonomy oan de Nederlandse Economische Hogeschool yn Rotterdam fan 1946 oant 1950. Hy promovearre 1957 yn de ekonomyske wittenskippen oan de Frije Universiteit yn Amsterdam op it proefskrift "De rol van de vakbeweging in de moderne maatschappij".

Albeda wie in ARP- en CDA-politikus dy't himsels omskreaun as fakbûnsman. Hy wie lange tiid oan 't wurk by it Kristlik Boubûn en it CNV. Yn 1966 waard er heechlearaar sosjaal-ekonomysk belied oan de Nederlandse Economische Hogeschool yn Rotterdam. Albeda hie niget oan ynternasjonale fraachstikken. Oant 1995 wie er ek heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Limburch.

Fan 1966 ôf oan wie er lid - en sûnt 1973 foarsitter fan de ARP-fraksje yn de Earste Keamer. Albeda stie yn 1973 as ynformateur mei oan de widze fan it kabinet-Den Uyl. Hy wie minister fan Sosjale Saken yn it earste kabinet-Van Agt, dêr't er it 'sosjale gesicht' fan wie. Dêr brocht er ûnder mear in feroaring fan de Wet op de ûndernimmingsrieden en de Arbeidsomstannichhedenwet ta stân. Nei it ministerwêzen gie er werom nei de Senaat en waard letter foarsitter fan de Wittenskiplike Ried foar it Regearingsbelied. Ek waard er bekend fan syn rol yn de Advys- en Arbitraazjekommissy Rykstsjinst: de "Kommissy Albeda".

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albeda publisearre in soad boeken, brosjueres, rapporten en artikels, fral oer de fakbweging, de ekonomy en besibbe ûnderwerpen. In karút:

  • 1957. De rol van de vakbeweging in de moderne maatschappij. Proefskrift Amsterdam V.U.
  • 1963. Bezitsvorming. Mei Norbert Schmelzer. Het Spectrum.
  • 1966. Enkele problemen van centraal economisch beleid. Ynaugurele rede Rotterdam
  • 1971. Vakbeweging en onderneming. Universitaire Pers Rotterdam.
  • 1972. Vakbeweging en maatschappijstructuur. Universitaire Pers Rotterdam.
  • 1975. Arbeidsverhoudingen in Nederland : een inleiding. Samson.
  • 1976. Participatie, arbeid en maatschappij. Samson.
  • 1984. De crisis van de werkgelegenheid en de verzorgingsstaat : analyse en perspectief . Kok.
  • 2004. Ik en de verzorgingsstaat : herinneringen van Wil Albeda. Mei Roelof Bouwman en Maurits van den Toorn.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wil Albeda fan Wikimedia Commons.