Wilker
Appearance
In wilker (ek willeker of wilkere) is in Aldfrysk wurd foar 'eat dat goedfûn en besletten is'.
De feroarderingen fan min ofte mear autonome mienskippen (gildes, dielen, gritenijen ) hjitte wilkeren. Ut de Midsiuwen binne yn Fryslân bekend:
- Wilker fan de Upstalbeam: sjoch Upstalbeamstatút.
- Wilker fan de Fiif Dielen: Oerienkomsten foar it distrikt De Fiif Dielen út de 13e en 14e iuw. Dy binne oerlevere yn de Aldfryske hânskriften Druk, Jus Muncipale en Kodeks Unia.
- Wilker fan Utingeradiel: Waard yn 1450 opsteld troch rjochters en folk fan Utingeradiel, op in gearkomst yn Nes. De geastliken hienen neffens dizze wilker frijwat macht yn wrâldske oangelegenheden.
- Wilker fan Wildinge: Yn 1379 foar it súdlike diel fan it distrikt Wildinge en opsteld troch de dêrûnder fallende doarpen. Nau besibbe oan in yn Kodeks Furmearius oerlevere wilker foar it súdeastlik oanslutende gebiet.
- Wilker fan Wymbritseradiel: yn 1404 troch de geastliken fan Wymbrits opsteld. Se geane oer it wrâldske rjocht en fertoane, oars as de measte wilkers fan dy tiid, dúdlik in romano-kanonistyske ynslach. Oerlevere yn it Aldfryske hânskrift Jus Muncipale.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|