Wilhelmina (mûne)

Ut Wikipedy
De Hoop
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Grins
plak Noorderhoogebrug
adres Molenstreek 1
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1907
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18762 [1]
offisjele webside
Side fan de mûne

De Wilhelmina is in nôtmûne yn it doarpke Noorderhoogebrug oan de râne fan de stêd Grins.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foargonger fan de hjoeddeiske stellingmûne is yn 1906 ôfbaarnd. Dat wie de nôt- en pelmûne "De Hoogebrug". In jier letter waard in nije nôt- en pelmûne boud, werby't ûnderdielen fan "De Leeuw" út Sappemeer brûkt waarden. De pelstiennen binne dêrnei al rillegau ferwidere en de mûne bleau doe as nôtmûne mei trije koppels mealstiennen yn bedriuw. Yn 1947 kaam der troch in stoarm in ein oan it meallen op 'e wynkrêft.

In jier letter waard de mûne ferkocht oan de mûnder W.B.J. van Wijngaarden en it slagge de nije eigner yn 1963 om de mûne te restaurearjen. Yn it ramt dêrfan feroare ek de namme fan 'De Leeuw' yn 'Wilhelmina', de namme fan de frou fan de mûnder. Yn 1972 rekke de mûne wer skeind troch in stoarm. Nei in grutte restauraasje is de mûne sûnt 1982 regelmjittich op frijwillige basis yn bedriuw.

It wjukkekrús mei selsswichting waard yn de jierren 1990 nei in stoarm fernijd. Under yn de mûne is in winkeltsje dêr't produkten fan 'e mûne kocht wurde kinne.

Jierren hat de mûne mei in flecht fan goed 23 meter eigendom west fan de 'Molenstichting Hunsingo en Omstreken', tsjintwurdich is de eigner de 'Stichting De Groninger Poldermolens'.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: