Wilhelm Teudt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wilhelm Teudt (Bergkirchen, 7 desimber 1860 - 5 jannewaris 1942) wie in Dútske völkisch archeolooch dy't nei in âlde Germaanske beskaving socht. Teudt syn wurk Germanische Heiligtümer út 1929 hat noch altyd in beskate wearde yn esoteryske en nijheidenske rûnten.

Hy betroude op syn paranormale jefte om sinjalen fan syn foarâlden te fernimmen, dy't him holpen de histoaryske plakken dy't er ûndersocht te fisualisearjen. Teudt waard lid fan de NSDAP yn 1933; hy wie doe 73 jier.

Teudt wie benammen benijd nei de Externsteine, dêr't er fan tocht dat it it plak fan de Saksyske Irminsul wie. Hy wie oant 1940 haad fan de Dútske opgravings op dat plak; dêrnei kaam it ûndersyk ûnder bewâld fan Ahnenerbe.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teudt syn grêf op it „Alten Friedhof“ yn Detmold
  • Nationale Ansiedlung und Wohnungsreform. o. O. (Frankfurt) 1899 (tegearre mei Jakob Latscha)
  • Im Interesse der Wissenschaft. Haeckels Fälschungen und die 46 Zoologen. Naturwissenschaftlicher Verlag des Keplerbundes, Godesberg 1909
  • Die deutsche Sachlichkeit und der Weltkrieg. Ein Beitrag zur Völkerseelenkunde. Godesberg 1917
  • Germanische Heiligtümer. Beiträge zur Aufdeckung der Vorgeschichte, ausgehend von den Externsteinen, den Lippequellen und der Teutoburg. Eugen Diederichs, Jena 1929-1936 (4 Auflagen). Werprintinge 4. Auflage: Faksimile-Verlag, Bremen 1982
  • Gottlieder für deutsche Menschen. 75 Gottlieder für deutsche Menschen, das sind die 150 Psalmen, freigemacht von jüdischer Umklammerung, Belastung und Verbiegung. Köhler & Amelung, Leipzig 1934
  • Wilhelm Teudt im Kampf um die Germanenehre. Eine Auswahl von Teudts Schriften. Velhagen & Klasing, Bielefeld 1940