Wikipedy oerlis:Topside

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It soe moai wêze at wy foar ús topsiden in nij stjerke meitsje kinne dy't wy foar dizze siden brûke kinne. De Nederlânske Wikipedy brûkt bygelyks dizze en de Afrikaanske [Cscr-featured.svg dizze]. Misskien dat wy in oare of in nije brûke kinne. Minsken dy't in idee hawwe? J'88 3 jan 2011, 14.08 (CET)[beäntwurdzje]

It makket my net út hokfoar stjer as oar symboal. It probleem is dat de stylecode of soksawat net mear wurket. Sjoch mar wat ik der fan bakt ha Berjocht:Stjerke. Ornaris soe div class:topicon gewoan wurkje moatte, wy hawwe dit probleem sûnt wy de nije Wiky-styl krigen hawwe. Ik tink dat wy behearders fan Commons of sa derby freegje moatte om help. Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 23.09 (CET)[beäntwurdzje]
Fan soksoarte saken haw ik gjin ferstean. Op berjocht:stjerke sjoch ik neat stean, as ik op 'wizigje' druk stiet der al tekst, mar op de side sels neat. Is sa'n probleem gau te fuort te heljen mei stipe fan Commons? J'88 3 jan 2011, 23.13 (CET)[beäntwurdzje]

Der binne noch mar twa stimmen foar, mar ik ha fan de side Melbourne alfêst in topside makke. Dat hat foar in part mei systeemtechnyske saken te krijen. Ik sil de titel topside fuortdaliks fuorthelje as der tsjinstimmers binne. Ik hoopje dat jim it begripe kinne. Groetnis --Kening Aldgilles 4 jan 2011, 21.10 (CET)[beäntwurdzje]

Olympyske Simmerspullen 1928[boarne bewurkje]

De Olympyske Simmerspullen 1928 kinne yn de list opnaam wurde. J'88 12 des 2011, 00.23 (CET)[beäntwurdzje]

De Sportklub It Hearrenfean kinne yn de list opnaam wurde. Groetnis, -- JCIV (talk) 22 feb 2013, 14.45 (CET)[beäntwurdzje]