Wikipedy oerlis:Links nei betsjuttingssiden/data
Links nei trochferwiissiden/data
[boarne bewurkje]In tiid ferlyn haw ik hjir dwaande west om in tal ferwizings nei trochferwiissiden 'op te lossen' lykas hjirre. It is foar lêzers/besikers ommers ferfelend om op in wurd te klikken en dan op in trochferwiisside te bedarjen. Troch oanpassings fan myn Wikipedia-Ynstellings hjirre ljochtsje sokke trochferwizings op myn skerm grien op, ik hoech der dus net om te sykjen.(it wurker op nl en op fy) Der besteane op de Fryske Wikipedy no noch in hiele protte fan sokke trochferwizings. No bestiet op de Nederlânske Wikipedia in side dêr't al sokke data troch in bot op in listke setten wurde: Sjoch hjirre. Ik los dêr de lêste tiid in soad fan sokke links op.
Omt soks my foar de Fryske Wikipedy wol gaadlik talike ha'k yn july de behearder fan dy bot Edoderoo frege oft it ek te dwaan wie om soks foar de Fryske Wikipedy te meitsjen. Sjoch hjirre op syn oerlisside. (Sels bin ik net sa 'bot' thús yn hoe't soks wurket). De man hat der nei sjoen en hat de bot wat oanpast, dat dy soe hjir ek oan it wurk kinne. Syn fraach is: Wêr moat ik dy side delsette? Tulp8 (oerlis) 27 sep 2020, 09.13 (CEST)
- @Tulp8: Goeie. Ja, liket my wol in goed plan. Ik haw hjir Wikipedy:Links nei betsjuttingssiden/data in side oanmakke. Ik haw der even wat del skreaun om 'e side oan te meitsjen, mar dy tekst kin fansels fuort. Eefkes oer de 'nomenklatuer': jo hawwe it oer trochferwiissiden. Ik haw altyd miend dat dat binne wat yn it Ingelsk redirects neamd wurde. Wat jo trochferwiissiden neame, haw ik altyd betsjuttingssiden neamd. No kin ik mis wêze, want sasear haw ik my nea yn it Wikipedysk jargon ynlibbe, mar ik haw foarearst de foar my bekende oantsjutting dochs mar brûkt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2020, 22.48 (CEST)
- De list is no aardich koarter wurden. 'k Haw niiskrekt hjir in fersyk oan Edoderoo dien om de bot de {betsjuttingssiden} tenei net mear yn de list op te nimmen, sadat de list noch mear opskjinne wurdt.
- By it oplossen fan de links kom ik trouwens tsientallen folslein befeilige siden tsjin dy't dus troch in moderator oplost wurde moatte. Se steane meast boppe-oan yn de list, en der sitte in soad Tema-siden tusken. Nut en needsaak ûntgiet my, semy-befeiliging soe dochs genôch wêze moatte. Mar at de links op dy befeilige siden ek noch oplost binne sjit it aardich op. Tulp8 (oerlis) 1 nov 2020, 08.26 (CET)