Springe nei ynhâld

Wikipedy oerlis:Haadside-ynfo/Side fan de wike

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wat rjochtlinen, at jo in aardich artikel hawwe (wat gruttens oangiet mear as 5.000 bytes?) dan kinne jo dat op dit plak kwyt. Yn it berjocht meie fierders gien reade ferwizings mear stean. De artikels dy't der no steane binne net mear as in opsetsje sadat de boel wurket at wy oerstappe wolle nei in side fan de wike yn 2010.

It liket my fierders goed ta om in miks te hawwen fan algemiene artikels, ôfwiksele mei artikels dy te krijen ha mei de provinsje Fryslân, harren bewenners, skiednis, kultuer en taal.

Is it ek wat om sa'n side foar de 'Wisten jo dat' te hawwen? Dat jout wat mear oersjoch en dan is better te sjen wat der allegear al west hat.J'88 29 okt 2009, 17.26 (CET)[beäntwurdzje]

Utstellen 2011

[boarne bewurkje]

Ik woe útstelle om de side wolkekliuwer ien wike lang as side fan de wike op ús Wikipedy te presintearjen. It artikel is wiidweidich beskreaun en fertsjinnet it gewoan om side fan de wike te wêzen. Groetnis --Kening Aldgilles 1 okt 2010, 08.26 (CEST)[beäntwurdzje]

Moai artikel, kin om my wol omwikselje wurde mei wat no wike 16 is oer Albert Einstein, fiel dy frij. --Geoffrey 1 okt 2010, 23.19 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin sa frij west om de side oer de wolkekliuwer yn wike 13 te setten, dat stik gie oer de Markomannenoarloch. Dat stik is net tige wiidweidich, mar kin dat yn de takomst al wurde.
No wit ik net hoe't it no komt mei 2011. Wurdt dizze list dan werhelle? Of moat dêr in nije list foar oanmakke wurde. Persoanlik bin ik foar it twadde foarstel. Der binne it ôfrûne jier aardich wat siden by kaam dy't in fermelding op de haadside fertsjinje. Dêrnjonken, mochten wy net genôch goeie siden ha dan kinne wy gewoan siden út 2010 op 'e nij presintearje op de haadside.
Ik tink dat wy de list fan 2010 bewarje kinne op de manear sa't se dat ek op de Afrikaanske Wikipedy dogge: af:Wikipedia:Voorbladartikel. Op dizze side wurde kwalitatyf goeie artikels sammele. Op de Afrikaanske wikipedy jouwe se dizze siden de 'voorbladstatus'. Dizze siden binne troch de mienskip hjir ta keazen, dat dogge hja hjir. Ik haw dêr hjir alris omtinken om frege. Sadwaande soene wy kwalitatyf goeie artikels wurdearje kinne.
Ik begryp dat de lêste twa punten wat fan it ûnderwerp ôf geane. Ekskuus dêrfoar. J'88 11 okt 2010, 15.25 (CEST)[beäntwurdzje]