Wikipedy:Help by it skriuwen fan goede siden
It meitsjen fan in goed artikel hat tige mei jins eigen smaak te krijen. It doel fan Wikipedy is frije ynformaasje foar eltsenien fergees beskikber te meitsjen. Om dat sa goed mooglik te dwaan binne der in oantal dingen dêr't skriuwers in bytsje om tinke moatte. Sa kinne skoalbern, studinten of minsken mei niget oan bepaalde ynformaasje altyd de Wikipedy rieplachtsje.
Begjin mei in artikel
[boarne bewurkje]Wês net te benaud om flaters te meitsjen. Taalflaters of ynhâldlike dingen kinne letter oereide en ferbettere wurde. Der binne meardere skriuwers aktyf, dy kinne en wolle bêst helpe. Meitsje gebrûk fan de Earst oerlêze knop yn it bewurkingsskerm.
Jo kinne begjinne mei in tema dêr't jo sels in protte oer skriuwe kinne. Miskien troch wurk of in bysûndere ynteresse. As jo sels net witte wat jo skriuwe wolle, der binne genôch manieren om in tema te finen:
- Winske artikels
- Oer te setten siden nei it Frysk ta
- Artikels dy't wichtich binne foar eltse Wikipedy
- Artikelhifker
- Nedige siden
Wikipedy-styl
[boarne bewurkje]It skriuwen fan artikels yn Wikipedy-styl is hjir beskreaun.
Tink derom dat
[boarne bewurkje]- De tekst fan it artikel ynformatyf en dúdlik wêze moast.
- It in wiidweidich ferhaal wurdt, grutte feiten meie net ûntbrekke.
- It ferhaal op 'e side net te wiidweidich wurdt. Dan kin men better in aparte side meitsje as in bepaald stik tekst in eigen artikel wurdich is (dochterside). De lêzer kin mei ynterne links ferwiist wurde nei oare siden. It is de baas dat it artikel genôch ynterne keppelings nei oare Wikipedy-siden hat.
- Der feiten neamd wurde.
- Stridige feiten fan in boarne foarsjoen wurde.
- De tekst fan it artikel goed Frysk is. As noarm wurdt it Frysk Hânwurdboek fan de Fryske Akadamy brûkt, ferlykber materiaal kin ek brûkt wurde. Stikken wurde yn de notiidske stavering skreaun.
- It artikel neutraal skreaun is, gjin eigen miening of eigen gefoel yn in side ferwurdzje.
- Wês formeel. Gjin "ik", "do", en "wy" ferhaal.
- Der gjin bewurkingskriich plakfynt, oerlis mei oare skriuwers.
- It artikel in koarte yntroduksje hat dy't it hiele tema beslacht, wêrtroch de lêzer in priuwke krijt fan de fierdere ynhâld fan side.
- Lange stikken tekst yn haadstikken en alinea's opdield wurde.
- Ofbyldings de krekte copyright-status hawwe. Tink ek om in ûnderskrift by de ôfbyldings.
- De kategory en ynterwiky net fergetten wurde.
Oersette en ûndersykje
[boarne bewurkje]In protte ynformaasje is op oare Wikipedy's al beskikber. Minsken mei in goede kennis fan in oare taal kinne stikken oersette yn it Frysk. As grutte lapen tekst sljochtwei oerset wurde kin it wêze dat flaters ek oernaam wurde. It is in goed ding om sels wat te bledderjen op it ynternet en yn boeken, en sa in betrouber artikel te skriuwen.
Net tefolle nei oare Wiky's sjen. In lytsere tekst kin de helte mear ynformaasje befetsje as lange lapen tekst.
Wês krekt
[boarne bewurkje]Besykje altyd tige krekt te omskriuwen wat bedoeld is. "Yn 'e midsiuwen" kin hiel rom begrepen wurde. Besykje in iuw of sels in jier te finen en dy te brûken om nei te ferwizen. "Eartyds", "froeger" en "alearen" kinne better mar net brûkt wurde. Ynstee dêrfan kinne jo better skriuwe: "foar 1498", tusken "1940 en 1945". "In stêd mei 400.000 minsken" is better as "in grutte stêd". Besykje ek wurden as "juster", "hjoed", "meikoarten" te meien, oer in pear jier wit net ien mear wat dêrmei bedoelt is. "De lêste jierren" en "de lêste tiid" kin dêrom better ek mar net brûkt wurde. Brûk it jiertal of jou in tiidrek oan.