Kawennáhere Devery Jacobs

Ut Wikipedy
Kawennáhere Devery Jacobs
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kawennáhere Devery Jacobs
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 8 augustus 1993
berteplak Kahnawake (Kebek)
etnisiteit Mohôk
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
gjint

Kawennáhere Devery Jacobs, ek wol koartwei Devery Jacobs neamd (Kahnawake, 8 augustus 1993), is in Kanadeesk tillefyzje-, film- en toanielaktrise fan Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jacobs waard berne yn 1993 yn it Kahnawake Mohôk Territoarium, in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek. Etnysk heart hja ta de Mohôk (Mohawk), in subgroep fan 'e Irokezen. Lykas in grut diel fan 'e jongerein yn 'e reservaten yn Kanada en de Feriene Steaten hie se in drege jonkheid, en kaam se ferskate kearen yn oanrekking mei justysje. Uteinlik bedarre se by in korreksjoneel ynterfinsjeprogramma oan it John Abbott Kolleezje, in Ingelsktalige hegeskoalle yn Saint-Anne-de-Bellevue.

Har earste wurk as aktrise hie Jacobs yn 2007 yn 'e tillefyzjesearje The Dead Zone, in ferfilming fan in boek fan horror- en fantasy-auteur Stephen King. Se krige in beskate bekendheid mei har rol as Claudia Auditore, yn 'e minysearje Assassin's Creed: Lineage, út 2009. Fierders spile se noch yn ferskate oare searjes, de film South of the Moon (2008) en de koarte film The Blanketing (2013). Foar har rol as Aila, de liedster fan in drugsbinde, yn 'e film Rhymes for Young Ghouls waard se yn 2013 op it Ynternasjonale Filmfestival fan Toronto nominearre foar in Canadian Screen Award (de wichtichste filmpriis fan Kanada) yn 'e kategory bêste aktrise. Dat betsjutte foar Jacobs de definitive trochbraak. Yn 2014 hie se ien fan 'e haadrollen yn 'e searje Mohawk Girls. Teffens wurke se mei oan 'e fideoklip foar it nûmer Sisters fan 'e band A Tribe Called Red. Jacobs wennet op 't heden yn New York.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.