Aleksanderje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Aleksandrje omneamd ta Aleksanderje fan de trochferwizing: sjoch stimming op Wikipedy oerlis:Mienskip
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 40: Rigel 40:


== Oare stêden mei de namme Aleksanderje ==
== Oare stêden mei de namme Aleksanderje ==
[[Ofbyld: Alexandria 12-9-2005 3.JPG |thumbnail|right|400px|Aleksanderje]]
[[Ofbyld:Alexandria 12-9-2005 3.JPG |thumbnail|right|400px|Aleksanderje]]
[[Ofbyld:San Stefano Grand Plaza.JPG|thumbnail|right|400px|San Stefano, Aleksanderje]]
[[Ofbyld:San Stefano Grand Plaza.JPG|thumbnail|right|400px|San Stefano, Aleksanderje]]
Der binne op de wrâld in soad stêden dy't '''Aleksanderje''' hjitte of hjitten hawwe. Aleksander de Grutte ferneamde by syn fjildtochten in protte stêden nei himsels.
Der binne op de wrâld in soad stêden dy't '''Aleksanderje''' hjitte of hjitten hawwe. Aleksander de Grutte ferneamde by syn fjildtochten in protte stêden nei himsels.

De ferzje fan 15 okt 2019 om 05.27

Aleksanderje
اسكندرية
Polityk
Lân Egypte
Sifers
Ynwennertal 4.546.231 (2013)
Oerflak 2.679 km²
Befolkingsticht. 1700 / km²
Hichte 5 m
Oar
Stifting 331 f.Kr.
Tiidsône EST UTC+2
Offisjele webside
www.alexandria.gov.eg
Lizzing fan Aleksanderje yn Egypte

Aleksanderje of Aleksandrje (Arabysk: الإسكندرية / al-ʼIskandariyyah; Ald-Gryksk: ̉Αλεξάνδρεια) is in stêd yn it noarden fan Egypte, oan de Midlânske See en de op ien nei grutste stêd fan dat lân. It leit oan de noardwestpunt fan de Nyldelta.

De stêd is ferneamd nei Aleksander de Grutte, dy't in wrâldryk festige dêr't ek Egypte part fan wie. Fanwege Aleksander boude de Grykske arsjitekt Dinokrates om-ende-by 330 f.Kr. de stêd. Aleksanderje wie ien fan de protte stêden dy't yn opdracht fan Aleksander stifte waarden en allegearre nei him ferneamd.

Tsjintwurdich is Aleksanderje in grutte stêd mei in befolking fan om-ende-by 4 miljoen ynwenners. Der is in wichtige gemyske yndustry festige mei ferskate technologyske bedriuwen. Yn de simmer komme in soad begoedige Egyptenaren nei de stêd fanwege it relative koele en noflike seeklimaat.

Nijsgjirrichheden yn en om Aleksanderje

Oare stêden mei de namme Aleksanderje

Aleksanderje
San Stefano, Aleksanderje

Der binne op de wrâld in soad stêden dy't Aleksanderje hjitte of hjitten hawwe. Aleksander de Grutte ferneamde by syn fjildtochten in protte stêden nei himsels.

De Turkske foarm fan de namme Aleksanderje is Iskenderiye, en de Turkske stêd Iskenderiye (modern Turksk İskenderun is dus ien fan de Aleksanderjes. Yn it Arabysk is al- in foarheaksel, fandêr dat se Aleksander "Eksander" neamden, of mei ferwikseling fan de twalûden Eskander of Iskander of Iskender. Ek it Albaneeske Shkodër hie eartiids de namme Iskenderiye. En yn Irak leit ek in Iskanderia. Oare stêden dy't as Aleksanderje stifte binne, binne Herat, Farah, Kandahar, Chodzjand, Gazhni, Charikar, Bagram en Termiz. De Feriene Steaten fan Amearika hawwe ek ferskate stêden mei de namme Aleksanderje.[1]

Berne yn Aleksanderje

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noat
  1. Alexandria: Alexandria (Kentucky), Alexandria (Louisiana), Alexandria (Virginia), Alexandria (Minnesota)