Monolooch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Nije Side: In '''monolooch''' is in allinnichspraak; in betooch fan ién persoan dy’t oan it wurd is (en bliuwt), faak sûnder dat der harkers binne. '''Monolooch''' komt fan it Gryksk, dêr...
 
 
Rigel 25: Rigel 25:
De term '''bêdtiid-monolooch''' wurdt yn it [[taalwinnen]] brûkt foar it stadium wêrby’t bern foar it yn sliep reitsjen harren nije taaloanwinsten fan de dei opsizze, werhelje, en dus eins yndruie. In soarte ''opslaan'' fan wûne feardigens en kennis.
De term '''bêdtiid-monolooch''' wurdt yn it [[taalwinnen]] brûkt foar it stadium wêrby’t bern foar it yn sliep reitsjen harren nije taaloanwinsten fan de dei opsizze, werhelje, en dus eins yndruie. In soarte ''opslaan'' fan wûne feardigens en kennis.


[[Kategory:Kommunikaasje]]
[[Kategory:Mûnlinge kommunikaasje]]
[[Kategory:Toaniel]]
[[Kategory:Literêr sjenre]]
[[Kategory:Literêr sjenre]]
[[Kategory:Lienwurd út it Gryksk]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 19 mai 2017 om 15.11

In monolooch is in allinnichspraak; in betooch fan ién persoan dy’t oan it wurd is (en bliuwt), faak sûnder dat der harkers binne.

Monolooch komt fan it Gryksk, dêr’t μονος (monos) ién en allinnich betsjut, en λογος (logos) wurd of idee betsjut. Yn it teater is it in toanieloptreden fan ién akteur binnen in toanielstik. Dêrfoar wurdt faak de term soliloque brûkt.

Yn in petear op in byienkomst betsjut in monolooch dat de oare oanwêzigen net oan it wurd komme kinne of meie. In taspraak dus. It is it tsjinoerstelde fan in dialooch.

Tinzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it toaniel komt it gauris foar dat in akteur oan it wurd is sûnder dat der oare persoanen op it toaniel binne. Dat is eins in ûnnatuerlike gong fan saken. De akteur sprekt syn tinzen lûdop út.

Inkeld binne der wol oare persoanen op it toaniel, mar dy wurde achte de sprekken net te hearren. Dat wurdt faak oantsjut mei it wurd fansiden.

Yn in spylfilm wurdt sa’n monolooch meast mijd. Soms hearre jo de stimme fan in akteur sûnder dat syn lippen bewege. In oare technyk is dat immen in brief lêst, wêrby’t de stimme fan de skriuwer it brief heard.

De term monolooch wurdt ek brûkt as oantsjutting fan in monodrama, in toanielstik foar mar ién akteur, lyks Samuel Becketts Krapp's Last Tape.

Wrâldferneamd binne ûnder oare de monologen fan:

Audysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faak moatte jo by in audysje foar bygelyks in film of in toanielproduksje in monolooch foardrage. Ek as jo nei in toanieloplieding wolle moatte jo faak in monolooch foardrage.

Taalwinnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term bêdtiid-monolooch wurdt yn it taalwinnen brûkt foar it stadium wêrby’t bern foar it yn sliep reitsjen harren nije taaloanwinsten fan de dei opsizze, werhelje, en dus eins yndruie. In soarte opslaan fan wûne feardigens en kennis.