Mulde: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L [[]]
"Karte_Saale_und_Mulde.gif" is op Commons fuorthelle INeverCry om't: per c:Commons:Deletion requests/File:Karte Saale und Mulde.gif.
Rigel 1: Rigel 1:
[[File:Karte Saale und Mulde.gif|thumb|250px|Kaart mei de Mulde, [[Saale (rivier)|Saale]] en [[Elbe]]]]
De '''Mulde''' is in sydrivier fan de [[Elbe (rivier)|Elbe]] yn de [[Dútslân|Duitse]] dielsteaten [[Saksen (dielsteat)|Saksen]] en [[Saksen-Anhalt]]. De rivier is 124 km lang (of 290 km, at de langste boarnerivier meirekkene wurdt) en is net befarber: it is de fluchst streamende rivier fan Midden-Jeropa.
De '''Mulde''' is in sydrivier fan de [[Elbe (rivier)|Elbe]] yn de [[Dútslân|Duitse]] dielsteaten [[Saksen (dielsteat)|Saksen]] en [[Saksen-Anhalt]]. De rivier is 124 km lang (of 290 km, at de langste boarnerivier meirekkene wurdt) en is net befarber: it is de fluchst streamende rivier fan Midden-Jeropa.



De ferzje fan 12 nov 2016 om 07.55

De Mulde is in sydrivier fan de Elbe yn de Duitse dielsteaten Saksen en Saksen-Anhalt. De rivier is 124 km lang (of 290 km, at de langste boarnerivier meirekkene wurdt) en is net befarber: it is de fluchst streamende rivier fan Midden-Jeropa.

De Mulde ûntstiet justjes benoarden de gemeente Colditz út de gearrin fan de westlike Zwickauer Mulde (166 km) en de eastlike Freiberger Mulde (124 km), dy't beide yn it Ertsberchtme ûntspringe.

De Zwickauer Mulde hat twa boarnen yn it Vogtland: de Reade Mulde (Rote Mulde) en de Wite Mulde (Weiße Mulde), dy't byelkoar komme yn in opslachmar, de Muldenberger Talsperre. De Zwickauer Mulde streamt oer Aue, Zwickau en Glauchau nei it noarden.

De Freiberger Mulde ûntspringt yn it Eastlik Ertsberchtme, noch krekt yn Tsjechje, dêr't er Moldavský potok hjit. Freiberg en Döbeln binne de grutste plakken oan de rivier.

De ferienee Mulde rint nei it noarden en mûnet in stikje foarby Dessau út yn de Elbe. Op dit trajekt leit it stedsje Grimma, dat yn 2002 by de Jahrhundertflut, de grutte oerstreamings yn it ôfwetteringsgebiet fan de Elbe, swier skea oprûn.

Beëasten Bitterfeld leit sûnt 1975 in opslachmar, de Muldestausee.

Keppelings om utens