Ferskil tusken ferzjes fan "Bûtan"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
Stiennen ark, wapens en oerbliuwsels fan grutte stiennen bousels jouwe oan dat Bûtan al 2.000 jier foar Kristus bewenne wie. Skiedkundigen ha úttocht dat de steat Lhomon (letterlik: “súdlik tsjuster”) of Monyul (“Tsjuster lân, in referinsje nei de [[Monpa]], de oarspronklike bewenners fan Bûtan) bestean hat fan 500 f.Kr. oant 600 n.Kr. De namme Lhomon Tsendenjong (Sandelbosk-gebiet) en Lhomon Khashi of súdlik Mon (gebiet fan de fjouwer wegen) binne oantroffen yn âlde Bûtaneeske en Tibetaanske kroniken.
 
It earste barren yn Bûtan dat delskreaun is, is dat de Bûdistyske hillige [[Padma Sambhava]] (ek wol Goeroe Rinpoche neamd) troch it lân reizge yn [[747|747 n. Kr.]]. De âldste skiednis fan Bûtan is ûnwis om’t de measte bestannen ferneatige waarden doe’t yn [[1827]] in brân Punakha, de âlde haadstêd ferwoaste. Fan de [[10e ieuiuw]] ôf waard Bûtan syn politike ferrin sterk beynfloede fan syn religieuze skiednis. Ferskate sekten fan it Bûdisme kamen nei foarren trochdat hja stipe waarden fan de ferskate Mongoalske en Tibetaanske oerhearen. Nei it tebekrinnen fan de Mongoalen yn de [[14e ieuiuw]] bestriden dy sekten inoar fûl op polityk en religieus mêd, wat der mei einige dat de Drukpa-sekte oerhearskjend waard.
 
Oant yn it begjin fan de [[17e ieuiuw]] bestie Bûtan út in los patroan fan lytse inoar befjochtsjende rjochtsgebieten, mar doe waard it gebiet troch de Tibetaanske lama en militêre lieder [[Shabdrung Ngawang Namgyal]] feriene. Om it lân te beskermjen tsjin sa no en dan plondertochten fan Tibetanen, boude Namgyal in netwurk fan dzong (forten) en fierde wetten yn dy’t der foar soargen dat de lokale hearskers ûnder it bewâld fan it sintrale regear kamen. In soad fan dy dzong besteane noch hieltiten. Nei de dea fan Namgyal yn [[1651]] ûnstie der gaos yn Bûtan. Dat wie foar de Tibetanen grûn om Bûtan yn 1710 oan te fallen, en nochris yn 1730 mei de help fan de Mongoalen. Dy twa oanfallen waarden lykwols opkeard en yn [[1739]] waard der in wapenstilstân tekene.
 
== Ynwennertal ==
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu