Neil: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:nagel.jpg|right|thumb|200px|In koarte neil]]
[[Ofbyld:nagel.jpg|right|thumb|200px|In koarte neil]]
De '''neil''' is de hurde beskerming dy't [[minske]] of bisten hawwe op de boppekant fan de [[finger]]sein, [[tean]], neilen fan in [[klau]] of de bûtekant fan de [[hoef]].
De '''neil''' is de hurde beskerming fan [[hoarnstof]] (keratine), dy't [[minske]]n hawwe op de boppekant fan 'e [[finger]]seinen en de [[tean]]nen, en dy't by [[bisten]] yn 'e regel [[klau]]wen, [[kloer]]en of [[hoef|hoeven]] neamd wurde.


== Funksje ==
== Funksje ==

De ferzje fan 8 sep 2014 om 21.50

In koarte neil

De neil is de hurde beskerming fan hoarnstof (keratine), dy't minsken hawwe op de boppekant fan 'e fingerseinen en de teannen, en dy't by bisten yn 'e regel klauwen, kloeren of hoeven neamd wurde.

Funksje

De neilen hawwe as funksje de beskerming fan de senuwen yn de einen fan de fingers sadat der gjin foarming fan yl plakfynt op de fingerseinen. Troch de oanwêzigens fan de neilen bliuwt it gefoel yn de fingerseinen behâlden, ek wol it ‘finger-spitzen gefühl’ neamd.

Minske brûke de neilen om lytse foarwerpen te bewurkjen en om te klauwen, pûlkjen ensfh.

Froulju litte harren neilen lang waakse om der oantrekliker of frouliker út te sjen. Guon minsken binne ferslaafd oan neilbiten.

De neilplaat, (de sichtbere boppekant), bestiet út trije lagen:

  • Hoarnlaach (skobbelaach), is de boppenste laach dy't by útdroegjen los komt. Ek wel splittende neilen neamd.
  • Keratinelaach (spûnslaach), nimt alle fiedingstoffen op en hâldt focht en fet fêst.
  • Epiteellaach (ûnderste laach), is de befêstigingslaach fan de neilwâl, dy't him oan de sydkant fan de neilplaat befynt.

Ofwikings

Oan de neilen kinne sykten en ôfwikings ûntstean, dy't meastentiids onychopaty en onychosen neamd wurde. Faaks hinget dat gear mei hûdsyktes, lykas psoriasis.

Keppeling om utens