Yukon (rivier): ferskil tusken ferzjes
Rigel 23: | Rigel 23: | ||
[[Kategory:Rivier yn de Feriene Steaten]] |
[[Kategory:Rivier yn de Feriene Steaten]] |
||
⚫ | |||
[[Kategory:Rivier yn Kanada]] |
[[Kategory:Rivier yn Kanada]] |
||
⚫ | |||
[[Kategory:Geografy fan Britsk-Kolumbia]] |
|||
[[Kategory:Geografy fan Yukon]] |
De ferzje fan 15 jun 2014 om 19.33
De Yukon is in rivier yn Kanada en Alaska (Feriene Steaten fan Amearika). It is mei syn 3185 kilometer de op fjouwer nei grutste rivier fan Noard-Amearika. It streamgebiet beslacht 840.000 kante kilometer.
De Yukon ûntspringt yn de Tagishmar op de grins fan Britsk-Kolumbia en it territoarium Yukon en streamt yn in grutte bôge troch Alaska om te mûnjen (yn in brede delta) yn de Beringsee. By it streamgebiet fan de Yukon beheare grutte sydrivieren sa as de Teslin, de Pelley, de White, de Stewart, de Klondike en de Koyukuk.
De Yukon hat in lyts debyt en in regelmjittich ferval. De seldsume streamfersnellingen binne oanlein om stroom te meitsjen. De rivier is fan Fort Selkirk ôf oant Dawson besiedde mei lytse eilannen. Yn Alaska wurdt de rivier breder. De rivier is trije moannen it jier befarber fanôf Whitehorse, de haadstêd fan Yukon (mear as 2800 kilometer).
-
De Yukon ûnder Dawson City, Yukon
-
Kanoos op de Yukon
-
De E.L. Pattonbrêge oer de Yukon benoarden Fairbanks
-
Brêge oer de Yukon by Carmacs, Yukon
Keppeling om utens