Ambachtsskoalle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 18 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q322563
LNo edit summary
Rigel 15: Rigel 15:
Ofbyld:Groepsfoto afdeling timmeren van de Sneeker Ambachtsschool, 1925..jpg|Ofdieling timmerjen, ambachtsskoalle Snits
Ofbyld:Groepsfoto afdeling timmeren van de Sneeker Ambachtsschool, 1925..jpg|Ofdieling timmerjen, ambachtsskoalle Snits
</gallery>
</gallery>
[[Kategory:Underwiis]]
[[Kategory:Fuortset ûnderwiis]]

De ferzje fan 28 nov 2013 om 16.14

De ambachtsschool wie oant likernôch 1968 in skoaltype yn Nederlân.

De ambachtsskoalle wie fan 1865 ôf de namme fan in groep fan skoallen foar deiûnderwiis. Der waard oplaat foar ambacht en yndustry. It skoaltype wie populêr by dejingen dy't earder nei de legere skoalle hast gjin mûglikheid hienen om fierder te learen. Mei de it ferlingen fan de learplicht hat de ambachtsskoalle in soad betsjutten foar de emansipaasje fan de arbeider en it ûnderwiisnivo yn Nederlân.

De Maatschappij voor de Werkende Stand stifte yn 1861 yn Amsterdam de earste ambachtsskoalle fan Nederlân. De ambachtsskoalle fersoarge technyske opliedingen foar jonges, wylst de húshâldskoalle op famkes rjochte wie.

Der wienen twa-, trije-, en fjouwerjierrige opliedingen. Yn gefal fan de fjouwerjierrige oplieding koe men ek nei trije jier fan skoalle ôf mei in tsjûchskrift. De ambachtsskoalle late op ta smid, timmerman, meubelmakker en hûsskilder. Der koene ek kursussen koper-, lead- en sinkbewurkje, elektrisiteitslear, auto-, motor- en fytsmakker folge wurde. De skoalle keas de opliedingen sa dat se oanslueten by it ferlet fan de takomstige arbeiders en wurkjouwers. Ek folwoeksenenûnderwiis waard jûn.

By de ynfiering fan de Mammoetwet op 1 augustus 1968, is de namme ambachtsskoalle feroare yn Legere Technyske Skoalle (lts), meast in fjouwerjierrige oplieding. Sûnt 1999 wie dit soarte ûnderwiis part fan it vmbo, benammen de op beroppen rjochte learwegen.