Frânske skoalle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Boalsert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Boalsert (stêd)
L kat oars
Rigel 12: Rigel 12:
* [[Latynske skoalle]]
* [[Latynske skoalle]]
}}
}}
[[Kategory:Underwiis]]
[[Kategory:Fuortset ûnderwiis]]

De ferzje fan 28 nov 2013 om 15.59

Tekening fan de Frânske skoalle fan Boalsert

De Frânske skoalle wie in ûnderwiisynstelling, dy't opkaam yn de 18e ieu, dêr't Frânsk leard wurde koe, in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske lingua franca.

Neist Frânsk, dat meast ek de fiertaal op skoalle wie, waard dêr ek skriuwen, rekkenjen en boekhâlden ûnderrjochte. Somtiids teffens Ingelsk, Dútsk en muzyk, dêr't dan faak wol ekstra foar betelle wurde moast. It skoaljild wie 250 oant 500 gûne it jier, dat de skoalle wie allinne weilein foar bern fan begoedige lju.

Der wienen aparte Frânske skoallen foar jonges en famkes (Jonge Heren en Jonge Juffrouwen)[1].

De populariteit fan de Frânske skoallen kaam op rekken fan de Latynske skoalle dy't minder praktyske fakken joech. In protte Frânske- en Latynske skoallen waarden letter omfoarme ta gymnasium of HBS

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Verre verwanten.nl, rieplachte 18 augustus 2011.