Who's Nailin' Paylin?: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
Makecat-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: sr:Who's Nailin' Paylin?
Rigel 35: Rigel 35:
[[pt:Who's Nailin' Paylin?]]
[[pt:Who's Nailin' Paylin?]]
[[ru:Who’s Nailin’ Paylin?]]
[[ru:Who’s Nailin’ Paylin?]]
[[sr:Who's Nailin' Paylin?]]
[[sv:Who's Nailin' Paylin?]]
[[sv:Who's Nailin' Paylin?]]
[[zh:誰在幹佩林?]]
[[zh:誰在幹佩林?]]

De ferzje fan 4 mrt 2013 om 05.41

Who's Nailin' Paylin? is in satieryske Amerikaanske pornografyske film út 2008, produsearre troch Hustler Video fan pornomagnaat Larry Flynt, wêryn't de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre wurdt. De titel betsjut safolle as "Wa naait Paylin?", en yn 'e film wurdt "Serra Paylin" spile troch de Amerikaanske pornoaktrise Lisa Ann, dy't mei dizze rol har karriêre in nije ympuls joech en der tige populêr troch waard.

Lisa Ann as "Serra Paylin".

De film waard regisearre troch Jerome Tanner en yn twa dagen opnommen. Hy omfettet fiif sênes dy't Palin har libben fan har studintetiid oant har kandidaatskip foar it fise-presidintskip beslane. Dêryn hat Lisa Ann as "Serra Paylin" seksuële omgong mei û.m. aktrises dy't de froulike politisy Hillary Clinton (spile troch Nina Hartley) en Condoleezza Rice (spile troch Jada Fire) parodiëarje, en dêrnjonken mei twa Russyske soldaten. (Datlêste is in ferwizing nei in útspraak fan Palin, dy't doedestiden gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Alaska wie en op in stuit opmurk dat men út Alaska wei by goed waar Ruslân lizzen sjen kin.)

Who's Nailin' Paylin? waard útbrocht op 4 novimber 2008, de dei fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings, en wie fuortynienen al in grut súkses. Resensinten wiene minder loovjend en lieten de film folslein ôfrinne, mar dat koe de fans blykber neat skele. Lisa Ann waard útnoege foar fraachpetearen yn Amerikaanske talkshows op 'e nasjonale tillevyzje, lykas Marie Claire en Entertainment Tonight.

In bonussêne mei de titel Obama is Nailin' Paylin, wêryn't "Serra Paylin" seks bedriuwt mei in swarte akteur dy't Barack Obama parodiëarret, waard frijjûn op 'e foarjûn fan ferkiezings; dizze sêne is beskikber fia de ledewebside fan Hustler en op 'e blu-ray-útjefte fan 'e film, mar stiet net op 'e dvd-útjefte.[1] Who's Nailin' Paylin? wie sa populêr, dat Hustler noch ferskate ferfolgen makke hat, mei eltse kear wer Lisa Ann yn 'e haadrol, lykas Letterman's Nailin' Palin (augustus 2009)[2], You're Nailin' Palin (septimber 2009)[3], Hollywood's Nailin' Palin (2010)[4], en Who's Nailin' Palin #2 (2011).[5] Dêrfan is Letterman's Nailin' Palin in ferwizing nei de iepentlike deilisskip fan Sarah Palin en talkshow-presintator David Letterman, wylst Hollywood's Nailin' Palin in wink is nei de realitysearje op 'e Amerikaanske tillevyzje, wêrby't Sarah Palin en har gesin harren de hiele dei troch de kamera folgje lieten.

Yn novimber 2008 waard (de echte) Sarah Palin skille troch Sébastien Trudel en Marc-Antoine Audette, twa grapmakkers fan it radiostasjon CKOI-FM út it Kanadeeske Montreal, dy't harsels "de Maskere Wrekers" (the Masked Avengers of les Justiciers Masqués) neame. Dêrby die Audette himsels foar as de doetiidske Frânske presidint Nicolas Sarkozy, wat Palin foar sûkerswiet oannaam. Op "Sarkozy" syn opmerking: 'Ik moat sizze, gûverneur Palin, dat ik geniete haw fan dy dokumintêre dy't se oer jo libben makke hawwe, jo witte wol, Who's Nailin' Paylin?, fan Hustler,' antwurde Palin: 'O, moai sa. Tankje wol.'

Keppelings om Utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Rodriguez, Ariana, Hustler Shoots "Obama Is Nailin' Paylin" (www.xbiz.com).
  2. Letterman's Nailin Palin DVD (www.cduniverse.com).
  3. You're Nailin' Palin DVD (www.cduniverse.com).
  4. Hollywood's Nailin Palin DVD (www.cduniverse.com).
  5. Who's Nailin Palin #2 DVD (www.cduniverse.com).

Boarnen