F-16 Fighting Falcon: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van vi:F-16 Fighting Falcon naar vi:General Dynamics F-16 Fighting Falcon
Rigel 123: Rigel 123:
[[uk:General Dynamics F-16 Fighting Falcon]]
[[uk:General Dynamics F-16 Fighting Falcon]]
[[ur:ایف-16]]
[[ur:ایف-16]]
[[vi:F-16 Fighting Falcon]]
[[vi:General Dynamics F-16 Fighting Falcon]]
[[zh:F-16戰隼戰鬥機]]
[[zh:F-16戰隼戰鬥機]]

De ferzje fan 11 feb 2013 om 06.26

F-16 Fighting Falcon

F-16 Fighting Falcon

Fabrikant General Dynamics/Lockheed Martin
Earste flecht 2 febrewaris 1974
Oare fariant F-16XL
Mitsubishi F-2

De F-16 Fighting Falcon is in militêr fjochtfleanmasine foar 1 (F-16A/C) of 2 (F-16B/D) persoanen. De Amerikaanske, Belgyske, Deenske, Nederlânske, Noarske en Turkske loftmachten beskikke ek oer dit type fleanmasine. Der binne oant 2005 mear as 4000 F-16's produsearre, en wurde troch de Feriene Steaten eksportearre. It lân mei de measte F-16's, de Feriene Steaten produsearret net mear foar eigen gebrûk. Bygelyks de Poalske, Sileenske en de Yndiaaske loftmacht hawwe ferlet fan nije (of brûkte) F-16's.

De F-16 is ûntwurpen troch General Dynamics mar foar de Jeropeeske lannen boud troch ferskate Jeropeeske bedriuwen lykas Fokker (Nederlân) en SABCA fan it Belgysk fleanfjild Gosselies. Nei it ôfstjitten fan guon loftferdigeningsaktiviteiten troch General Dynamics hat Lockheed Martin de produksje oernaam.

It ûntwerp foar de F-16 kaam yn de kâlde kriich ta stân, nei in protte beswieren fan F-104 Starfighter piloaten. Der wie in fraach foar in nije fjochtfleanmasine, dy't rap keare koe yn de loft. De Starfighter wie bynammen foar hurd fleanen op in grutte hichte, om sa rap mooglik op harren doel te smiten en fuort te fleanen.

De F-16 is by in grut tal konflikten ynset, lykas yn de kâlde-kriich en yn it Midden-Easten. Foar de NAFO lannen tsjinnet de F-16 ek foar de feiligens fan it NAFO loftrom.

De F-16 is in multyfunksjonele fjochtfleanmasine, in tastel dat foar meardere taken ynset wurde kin (wilens in missy kapabel in oare taak út te fieren). It kin oare fijanlike fleanmasinen ûnderskeppe, mar kin ek brûkt wurde foar grûndoelen en fotoferkenning.

Spesifikaasje (F-16C Block 30)

F-16 3 skematysk oersjoch
F-16 3 skematysk oersjoch

Der binne 5 haadsearjes fan de F-16, hjir folget in spesifikaasje oersjoch fan de F-16C Block 30

Algemiene eigenskippen

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 14.8 m
  • Wiidte fleugels: 9.8 m
  • Hichte: 4.8 m
  • Fleugel oerflak: 27.87 m²
  • Leech gewicht: 8,272 kg
  • Fol gewicht: 12,003 kg
  • Maksimum gewicht om fan'e grûn te kommen: 16,875 kg
  • Enerzjy foarsjenning: 1× Pratt & Whitney F100-PW-220 or 1× General Electric F110-GE-100 neiferbrânende turbofentilator, F100 14,590 lbf dry and 23,770 lbf mei neiferbrâner; F110 17,155 lbf droech, 28,985 lbf mei neiferbrâner (F100 64.9 kN / 105.7 kN; F110 76.3 kN / 128.9 kN)

Prestaasjes

  • Maksimum faasje: 2,124 km/h (Mach 2,04)
  • Ôfstân: 3,200+ km
  • Fjocht berik: 550 km oan in heech-leech-heech missy mei seis 454 kg bommen
  • Maksimum hichte: 55,000+ foet (15,240+ m)
  • Klim radius: 50,000 foet/min (255 m/s)
  • Maksimum fleugelgewicht: 88.2 lb/ft² (430.7 kg/m²)

Armamint

  • Gewearen: 1× M61 Vulcan 20 mm masine gewear mei 511 kûgels
  • Rakketen: CRV-7
  • Stjoer-raketten:
    • Loft-ta-loft: 6× AIM-9 Sidewinder or 6× AIM-120 AMRAAM or 6x Python-4
    • Loft-ta-grûn: 6× AGM-65 Maverick or 4× AGM-88 HARM
    • Anty-seedoelen: 4× AGM-119 Penguin, 2x AGM-84D Harpoon (Singapoarsk/Israelysk F-16D)
  • Bommen: 2× CBU-87 kluster, 2× CBU-89 gator mine, 2× CBU-97, 4× GBU-10 Paveway, 6x GBU-12 Paveway II, 6x asfalt-searjes laser-stjoerde bommen, 4× JDAM, 4× Mk 80 searjes, ek wol nukleêre bommen lykas de B61 nukleêre bom.

Besibbe ûntwikkelings

Keppeling om utens

Commons Commons: F-16 – foto, fideo en harktriemmen