Kassiodoarus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld ferbettere
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: eu:Flavio Magno Aurelio Kasiodoro
Rigel 37: Rigel 37:
[[eo:Kasiodoro]]
[[eo:Kasiodoro]]
[[es:Casiodoro]]
[[es:Casiodoro]]
[[eu:Flavio Magno Aurelio Kasiodoro]]
[[fi:Cassiodorus]]
[[fi:Cassiodorus]]
[[fr:Cassiodore]]
[[fr:Cassiodore]]

De ferzje fan 12 mrt 2012 om 16.29

Kassiodorus ôfbylde yn de Codex Amiantinus.

Flavius Magnus Aurelius Cassiodorus Senator (Scylaceum (Kalaabrje), ± 484/490 - kleaster Vivarium by Scylaceum, ± 585), ornaris bekend as Kassiodorus, wie in Romeinske steatsman (praefectus praetorio), skriuwer en rjochtsgelearde. Hy wie skriuwer fan Diderik de Grutte, kening fan de Ostrogoaten.

Libben

Kassiodorus waard berne yn Scylletium, tichtby Catanzaro yn it suden fan Itaalje. Hy sette syn wurkpaad útein as adviseur foar syn heit, dy't gûverneur wie fan Sisylje, en waard op jonge leeftyd jurist. Tidens syn wurksume libben as kwaestor tusken 507-511, as konsul yn 514, dêrnei as magister officiorum ûnder Diderik, en dêrnei ûnder it regintskip fan Dideriks' jonge opfolger, Atalarik, sammele Kassiodorus in protte ynformaasje oer syn tiid en lei it fêst op skrift. Oan it Goatyske hof, like syn literêre bekwaamheden sa affektearre en retoarysk dat it moderne lêzer opfalt. Alle kearen as er yn Ravenna kaam, waarden wichtige offisjele dokuminten oan him tabetroud om tekene wurde te kinnen. Syn wurkpaad waard ôfsletten mei de beneaming as praetorian prefect foar Itaalje, wat tsjintwurdich oerienkomt mei earste minister, de heechste amtlike funksje.

Atalarik stoar yn 534, en de rest fan Kassiodorus' publike funksje waard karakterisearre troch de de Byzantynske ferovering fan Itaalje en dynastike yntriges fan de Ostrogoaten. Syn lêste brieven skreau hy yn namme fan Witigis. De opfolger fan Kassiodorus waard beneamd fanút Konstantinopel.

Om-ende-by 537-38, ruilet hy Itaalje yn foar Konstantinopel en bliuwt der sawat twa desennia en hâldt him meastentiids dwaande mei godstsjinstige kwestjes. Hy moetet dêr Junilius, de kwaestor fan keizer Justinianus.

In grut part fan syn wurkpaad hat er him dwaande holden de kulturele ferskillen te oerbrêgjen dy't feroarsake waarden troch fersnippering yn de 6e ieu tusken East en West, Gryksk en Latyn, Romeinsk en Goatysk, en de kristlike befolking mei harren Ariaanske lieders.

Wurken

Fan syn hân binne:

  • Chronica
  • De orthographia
  • Expositio in psalterium
  • Complexiones in epistolis apostolorum et actibus eorum et apocalypsi
  • Historia ecclesiastica tripartita
  • Historia Gothorum, oerlevere as gearfetting yn de Getica
  • Institutiones Divinarum et Saecularium Litterarum
  • Variae'