Bachrein: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.2) (Bot - derby: ce:Бахрейн |
L r2.7.2+) (Bot - derby: or:ବାହାରିନ |
||
Rigel 162: | Rigel 162: | ||
[[nov:Barayn]] |
[[nov:Barayn]] |
||
[[oc:Bahrayn]] |
[[oc:Bahrayn]] |
||
[[or:ବାହାରିନ]] |
|||
[[os:Бахрейн]] |
[[os:Бахрейн]] |
||
[[pa:ਬਹਿਰੀਨ]] |
[[pa:ਬਹਿਰੀਨ]] |
De ferzje fan 1 feb 2012 om 00.51
| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Manama | ||||
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy | ||||
Gebiet % wetter |
665 km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2005) | 688.345 | ||||
Munt | Bahreini dinar (BHD) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 16 desimber | ||||
Lânkoade | BHR | ||||
Ynternet | .bh | ||||
Tillefoan | 973 |
De Barein is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Manama en de emir fan de monargy is sûnt 2002 Hamad bin Isa Al Khalifa.
It golfsteatsje ferfollet troch de sintrale lizzing in wichtige ekonomyske en finansjele funksje yn de oaljewrâld.
Geografy
Lizzing
De Barein wurdt begrinzge troch:
- de Perzyske Golf yn it noarden;
- de Golf fan Barein yn it easten, suden en westen;
- Katar yn it súdwesten;
- Saûdy-Araabje yn it westen.
lânskip
Barein bestiet út in groep fan trijeëntritich eilannen yn de Perzyske Golf, dy't ûnderling ferbining hawwe troch in netwurk fan brêgen. Der is ek in brêgeferbining mei Saûdy-Araabje: de Kening Fahd Causeway.
De namme Barein besjut yn it Arabysk letterlik twa seeën. Dat ferwiist nei de laach swiet wetter dy't earder ûnder de sâlte laach seewetter om de eilannen hinne oantroffen waard. Tsjintwurdich is dy laach swiet wetter net mear oanwêzich. Troch it hjoeddeiske waarme klimaat yn de Golf is Barein foar it meastepart woastyn.
Skiednis
Yn de 16e ieu waard Bahrein troch de Portegezen beset. Nei dizze besetting en letter troch de Perzen waard it lân as selstannich emiraat fan 1816 oant 1971 in Britsk protektoraat.
Barein waard op 15 augustus 1971 ûnôfhinklik en lid fan de Arabyske Liga. De sûnt 1999 regearjende emir fiere yn 2002 in nije grûnwet yn, dêr't it lân in konstitusjonele monargy troch wurden is.
Demografy
Befolking
Hjoeddeisk is mar 60% fan de ynwenners fan De Barein noch oarspronklik. De oare 40% binne Pakistanen, Ynjers en Westerlingen. Goed 80% fan de befolking wennet yn de stêden. De Barein is in tichtbefolke lân, dêr't sawat de hiele befolking op de noardlike helte fan it eilân wennet. It suden is foar it grutste part net bewenne.
Taal
It Arabysk is de offisjele taal fan it lân, mar ek it Ingelsk wurdt in protte sprutsen.
Religy
De Islam is de wichtichste godstsjinst op De Bahein.