Mammoeten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L [r2.6.4] Bot - derby: az:Mamont
SieBot (oerlis | bydragen)
Rigel 90: Rigel 90:
[[lt:Mamutas]]
[[lt:Mamutas]]
[[lv:Mamuti]]
[[lv:Mamuti]]
[[ml:മാമോത്ത്]]
[[ml:മാമത്ത്]]
[[nah:Mamut]]
[[nah:Mamut]]
[[nl:Mammoeten]]
[[nl:Mammoeten]]

De ferzje fan 19 jan 2011 om 12.27

Mammoet
Plasse fan de Mammuthus armeniacus
Kaak fan Yndyske oaljefant en in mammoet út Georges Cuvier's boek oer libbene en fossile oaljefanten, 1796.

Mammoeten (Mammuthus) binne in skaai fan oaljefanteftigen dy't útstoarn binne. Sy hienen faak lange slachtosken, yn gefal fan noardlike soarten, in facht fan lang hier. Sy libben fan it Plioseen, sa'n 4.8 miljoen oant 4,500 jier lyn.

Yn novimber 2008 waard yn it faktydskrift „Nature“ it genoom fan de Wolhierrigemammoet (M. primigenius) publisearre.[1] Likernôch 70 % fan de erflike ynformaasje koe ûntfâlde. It mammoetgenoom is it earste genoom fan in útstoarn bist dat yn kaart brocht waard.

Ferkate soarten

Der hawwe ferskate soarten mammoeten west. It binne wierskynlik neisieten fan in mienskiplike foarâlder. Meidat hja op ferskillende wizen libben, koenen sy neist elkoar bestean.

  • Sudlike mammoet (Mammuthus meridionalis) út Súd-Europa
  • Steppemammoet (M. trogontherii) út Europa
  • Wolhierrige mammoet (M. primigenius) út noard Europa, Aazje en Noard-Amerika
  • Sardinyske Dwergmammoet, (M. lamarmorae) út Sardynje (Itaalje)
  • Keizersmammoet (M. imperator) út Noard-Amerika
  • Amerikaanske mammoet (M. columbi) uit Noard- en Midden-Amerika

De wolhierrige mammoet is fan dizze soarten faaks de bekendste. Hy libbe fan sa'n 600.000 jier lyn ôf, yn it Pleistoceen. Hy hie in tsjokke facht dêr't it hier fan suver op de grûn hinge. De earen wienen lyts (30 centimeter) en ek bedutsen mei hier as beskerming tsjin de kjeld. Fan de oare mammoetsoarten wienen allinnich de steppemammoet tige behierre, de oare soarten hâlden yn waarmere gebieten ta en hienen net mear hier as de oaljefanten fan no. It liket der ek op dat de wolhierrige mammoet koarter libbe; se koenen sa'n 35 jier wurde. De oaljefant fan tsjintwurdich hellet maklik 50 jier.

Faak wurdt tocht dat mammoeten ûnbidich grut wienen, en 'mammoet' is yn it Nederlânsk on oantsjutting foar 'gigantysk' wurden, sa as yn 'mammoettanker' of 'mammoetwet'. Foar de grutste soarten kloppet dit ek, de keizersmammoet en de Amerikaanske mammoet fan Noard-Amearika, mar de oare mammoeten wienen net grutter as Aziatyske oaljefant. Wol hienen hja gigantysje slachtosken, dy't by bollen wol 4 meter lang wêze koene.

Evolúsje

Neffens it nijste ynsjoch soene de mammoeten harre sa'n 4,8 miljoen jier lyn ôfsplitst hawwe fan de foarâlden fan de Aziatyske oaljefant, wylst harren mienskiplike foarfaar him sa'n 7,3 miljoen jier lyn losmakke hat fan de mienskiplike foarâlder mei de Afrikaanske oaljefant. Dat betsjut dat der feitlik in nauwere besibbenens bestiet tusken de mammoet en de Aziatyske oaljefant as tusken de Afrikaanske en de Aziatyske oaljefant.

De namme "Mammut" wurdt jûn oan in oare famylje fan útstoarne oaljefanteftigen, de mastodonten. Dizze famylje hat har al hast 30 miljoen jier lyn ôfsplitst fan dy fan de hjoeddeiske oaljefanten en de mammoeten. Dat de mastodont is net nau besibbe oan de mammoet.

Untdekking en namme

Al ieuwenlang waard der yn Noard-Europa, Ruslân en Sibearje fossyl ivoar fûn. Yn de 18e en 19e ieu ûntdekten Russyske ûndersikers yn Sibearje ferskate, frij goed bewarre, ynferzen mammoetlichems yn de permafrost. Yn 1901 waard in kompleet lichem fûn oan de ouwers fan de rivier Berezovka. De Jakoeten (in Altaysk, Turksk-sprekkend folk) wienen al ieuwenlang bekend mei soksoarte oerbliuwsels en hiene dy de namme "mamont" jûn, wat "ierdwjirm" betsjut yn harren taal. Dizze mammont spile ek in grutte rol yn har religy. Yn it Russysk hjit it bist noch altyd "mamont". Fia Frânske publikaasjes, troch in staveringsflater, rekke yn West-Europa de foarm "mammouth" ynboarge.

Gebiet

Yn de iistiden waard in soad wetter fêstlein yn lâniiskappen, sadat in protte râneseeën droechfoelen. Dêrtroch koe de wolhirrige mammoet him oer grutte dielen fan de wrâld ferspriede. De mammoeten wennen yn de toendra- en permafrostgebieten fan noardlik Europa, Aazje en Noard-Amearika.

Lykas by oare bewenners yn kâlde kontreien, sa as de wolhierrige noashoarn, wie it lichem bedutsen mei in tichte en isolearjende laach hier om it te beskermjen tsjin it kâlde klimaat. Harren leefgebiet wie wol kâld mar net sa kâld dat dêr gjin gers waakse koe; der wurdt rûsd dat in mammoet dêr sa'n 180 kilo deis fan hawwe moast. Sy hienen sterke kiezen om de taaie, hurde gerssoarten op de steppen fermeale te kinnen.

Utstoarn

Net de minske, mar in klimaatsferoaring spile de wichtichste rol yn it útstjerren fan de mammoet, rûchwei 4.000 jier lyn. De bisten fûnen hieltyd minder gaadlik gerslân.

In team fan de universiteit fan de Britske stêd Durham hat in kompjûtersimulaasje makke fan it klimaat fan de ôfrûne 42.000 jier yn Europa, Noard-Amerika en Aazje. Tagelyk beseagen sy de impact dêrfan op de fauna, sa as mammoeten. De mammoeten dienen it tige bêst yn de lêste Würm-iistiid en kamen doe sawat yn hiel Europa foar. Op plakken dêr't gjin iiskape wie, wie doe toendra sûnder beammen, útsein wat dwergbeamkes. It starichoan opwaarmjen fan it gebiet makke dat de mammoet fan sa'n 14.000 jier lyn ôf him weromlûke moast nei Noard-Sibearje, dêr't er likernôch 4.000 jier lyn útstoarn is.

Der is lang tocht dat prehistoaryske mensen de hân hienen yn it útstjerren, mar dat is net sa neffens de ûndersikers yn Durham. Troch opwaarming ûnstie ferbosking sadat de mammoet it dreger hie om iten te finen en lang om let útsoar. Dochs sette guon saakkundigen fraachtekens by dizze teory, want klimaatferoarings yn de iistiden wienen der faker west, mar hawwe doe net laat ta it útstjerren fan de grutte bisten, dat klimaatferoaring liket net de iennichste beskate reden foar it útstjerren west te hawwen. Dizze gelearden tinke dat de moderne minsken (Homo sapiens) yn noard-Euraazje en Amerika, mei bettere jachtmetoaden as earder, dochs in wichtige bydrage oan it ferdwinen fan de mammoet levere hawwe kind.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing

  1. Miller, W. et al., Nature 456, 387–390 (2008). online
  • Wikipedia nl: en Wikipedia en: