Ferskil tusken ferzjes fan "Meidogger oerlis:Streuper"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
(→‎Poalen: Ik woe simpelthen witte wêrom.)
:::: Dei Streuper. Ik hie it molkefabryk wer by Hoarnstersweach delset om't der by de anonime wiziging net in grûn neamd waard. It is no wer goed, mar mei ik freegje yn sa'n gefal al efkes it wêrom yn de gearfetting te skriuwen? [[Meidogger:Mysha|Mysha]]
 
== Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer ==
 
== Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer ==
Hallo,
Ik woe allinnich mar sizze dat mei DEFAULTSORT, tocht ik ek oanjûn wurde kin hoe de side yn de kategoryen sortearre wurde moat. Dan hoecht dat net by eltse kategory op e' nij útskreaun te wurden.
: it is werom set mei de hân, [[Meidogger:Streuper|Streuper]] 23 april 2010, 15:34 (CET)
:: Ja, ik wit dat it werom setten is, mar ik frege my ôf wêrom it earst fuorthelle wie. At it twiveleftich wie at it der by paste, dan kin ik dêr wat fan leare. [[Meidogger:Mysha|Mysha]]
 
== Plaknammen ==
De Streuper,
Ik kin my goed yntinke dat jo mei it oersetten fan plaknammen yn’e mage sitte, haw ik ek lest fan. Ik haw it der eartiids wol ris oer hân mei oare meidoggers, mar net eltsien is it mei my iens at ik siz: begjin der net oan at jo net wis fan de saak binne, al wie it mar om’t jo faak net witte wat oarsprong en betsjutting fan in plaknamme is. (Oars leit it yn gefal fan plaknammen as Dimter, Grins en Roan, dy’t tradysjoneel fêstlizze.) Dat ‘Ossen’ yn Ossenzijl slacht dat wol op dy bisten, oksen? En Paasloo, hat ‘paas’ hjir te krijen mei peaske? Freegje ik my of.
It is no dan ek sa dat it yn Wikipedy optilt fan de staveringsynkonsekwinsjes. Edinboarch, Sint-Petersburch, Oldenburg/burch/boarch, ensafuorth.. Wol Nij-Seelân en Nij-Jersey, mar net Nij-York. Okkerdeis sette immen ‘waard’ yn Seelânske plaknammen oer mei ‘weard(e)’, ja soks dêr kin men op wachtsje.
Oare Wikipedy’s begjinne der meast net oan: wolris lezen fan Neu York, Nouveau Yorke of Kowfort (Coevorden)?
Mar ja, wa bin ik, yn elts gefal gjin saakkundige. Ik tink dat Aliter dat wol is op dit mêd. Joe soene it him ris foarlizze kinne. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 26 jun 2010, 16.00 (CEST)
85.019

bewurkings

Navigaasjemenu