Lieuwe Pietersen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Streuper (oerlis | bydragen)
sort
Rigel 32: Rigel 32:
* [http://www.tresoar.nl/Webstee Tresoar]
* [http://www.tresoar.nl/Webstee Tresoar]
}}
}}

{{DEFAULTSORT:Pietersen, Lieuwe}}
[[Kategory:Deinum]]
[[Kategory:Deinum]]
[[Kategory:Frysk skriuwer]]
[[Kategory:Frysk skriuwer]]

De ferzje fan 21 apr 2010 om 19.14

Lieuwe Pietersen

Lieuwe Pietersen, ( Deinum (Skinkeskâns), 4 desimber 1928 ) is in Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch.

Nei in stúdzje lichaamlike opfieding waard er gymnastyklearaar oan syn eardere middelbere skoalle, de Ryks-HBS oan it Saailân yn Ljouwert. Hy hat fjirtich jier as learaar oan dy skoalle ferbûn west. Letter studearre er sosjology oan de universiteit fan Grins. Lieuwe Pietersen hat ek bestjoerslid en propagandalieder fan de Fryske Bibleteek west. Yn 1972 wie er ien fan de inisjatyfnimmers fan de sutelaksje fan It Fryske Boek.

Syn earste publikaasje wie Friesland in en rond het perk út 1956. Twa jier letter folge troch Skûtsjesilen. It bekende Sociologie van de sport kaam yn 1961 út. Hy wie yn 1969 de earste wittenskipper dy’t in serieus ûndersyk die nei de posysje fan it Frysk. De útkomsten fan dat ûndersyk publisearre er yn it boek De Friezen en hun taal (1969). Syn oare grutte publikaasje op dat mêd, Taalsociologie (1976), is sûnt it ferskinen ferplichte literatuer foar studinten fan de learareoplieding Frysk.

De earste romans wiene yn it Hollânsk: Femke B. (1984) en Draaiers mythe (1991). Dêrnei stapte er oer op it Frysk. Syn roman It fergryp waard yn 1998 bekroand mei in priis yn de romanpriisfraach fan de KFFB. Yn al syn boeken giet de haapersoan op syk giet nei eat dat der yn har ferline bard is.

Wurk

Romans

  • 1984 : Femke B.
  • 1991 : Draaiers mythe
  • 1996 : De fal : in syktocht
  • 1998 : It fergryp
  • 2000 : De lêste dûns
  • 2002 : Eva Godthelp
  • 2004 : De flam
  • 2005 : It testamint
  • 2006 : De frou yn it swart

Ferskaat

  • 1956 : Friesland in en rond het perk : enige sociale en sportieve aspecten van het Friese kaatsspel
  • 1958 : Skûtsjesilen
  • 1962 : Sociologie van de sport : afspiegeling en reactie
  • 1963 : Redens, riders en riderijen
  • 1963 : Bûnte liuwen omnibus
  • 1969 : De Friezen en hun taal : een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries
  • 1974 : De toekomstige leerkrachten en het Fries : een onderzoek op de pedagogische academies en opleidingsscholen voor kleuterleidsters in Friesland
  • 1976 : Taalsociologie : minderheden, tweetaligheid, taalachterstand

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: