Ferskil tusken ferzjes fan "Tomke (lêsbefoardering)"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
'''Tomke''' is in lêsbefoarderingsprojekt foar pjutten. Yn [[1996]] ferskynde it earste Tomke-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder pjutteboartersplakken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de kangoeroe (pûdehipper). Op [[30 septimber]], [[2006]] fierde Tomke syn tsiende jierdei yn [[De Harmonie]] yn Ljouwert.
 
Hjoed de dei (2007) is om Tomke hinne gâns materiaal te krijen: foarljochtingsfolders, kleurplaten, mouhimden, magneten, fytsflachjes, klompkes en sels meubilêr. Yn [[2006]] wie de oplage 18.000. De lêste jierren ferskine de boekjes ek yn in [[Biltsk]]e en [[Stellingwerfsk]]e fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan de 'Pontjesbrug' op Curaçao in edysje yn it [[Papiaments]]. En ûnderwilens is Tomke ek yn de Noardfryske dialekten gjin ûnbekende mear.
 
Fierder stjoerd [[Omrop Fryslân]] in televyzjesearje mei Tomke yn de haadrol út. Sûnt 2007 is Tomke dêryn as bewegend figuerke te sjen. Tekener fan Tomke is [[Luuk Klazenga]], de ferhaaltsjes wurde meast skreaun troch [[Auck Peanstra]] en [[Riemkje Pitstra]]. Oan de Tomkeboekjes wurkje wikseljend ek oare yllustratoaren mei.
Anonime meidogger

Navigaasjemenu