Siedpunt: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: It '''siedpunt''', of '''kôkpunt''', fan in suvere stof is de maksimumtemperatuer wêrby de floeistof floeistof bliuwt. It tafoegje fan enerzjy lied ta de oergong fan de floeistoffas...
 
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 21: Rigel 21:
Ek kin troch ynkoaitsje de smaak fan it fiedsel feroarje. Mei de ûntkommende dampen wurde net winske geurstoffen meinommen. Dit ferskynsel wurdt beskreaun troch de lear fan de distillaasje en de steamdistillaasje. It ferwiderjen fan net winske geuren troch ynkoaitsje giet it best op heech fjoer, sûnder deksel, omdat dan gjin [[rektifikaasje]] tsjin it deksel of de wannen plakfynt wêrtroch de geurstoffen werom gean kinne.
Ek kin troch ynkoaitsje de smaak fan it fiedsel feroarje. Mei de ûntkommende dampen wurde net winske geurstoffen meinommen. Dit ferskynsel wurdt beskreaun troch de lear fan de distillaasje en de steamdistillaasje. It ferwiderjen fan net winske geuren troch ynkoaitsje giet it best op heech fjoer, sûnder deksel, omdat dan gjin [[rektifikaasje]] tsjin it deksel of de wannen plakfynt wêrtroch de geurstoffen werom gean kinne.


[[Kategory:Gemy]]
[[Kategory:Natuerkunde]]


[[af:Kookpunt]]
[[af:Kookpunt]]

De ferzje fan 23 nov 2009 om 23.43

It siedpunt, of kôkpunt, fan in suvere stof is de maksimumtemperatuer wêrby de floeistof floeistof bliuwt. It tafoegje fan enerzjy lied ta de oergong fan de floeistoffase nei de gasfase. By it hieltyd ferwaarmjen bliuwt de temperatuer fan de floeistof op it siedpunt, oant it stuit dat alles ferdampt is. Dit alles bywannear’t de druk konstant bliuwt, sa as yn in iepen fet.

Dit proses fan ferdampen wêr’t dampbellen yn de floeistof ûntsteane en nei boppe gean ûnder de ynfloed fan de swiertekrêft wurdt siede neamde.

In oare definysje fan it siedpunt is “de temperatuer wêrby de dampdruk fan de floeistof lyk is oan de atmosferyske druk”.

Siedpunt en druk

De temperatuer wêrby in floeistof oan de kôk rekket is ôfhinklik fan de hearskjende druk. By 1 atmosfear (loftdruk op seenivo, 101,325 kPa) is it siedpunt fan wetter 100°C, of eins, mear krekt 99,97°C. Op de Mount Everest, wêr’t de loftdruk likernôch , 26 bar is, is it siedpunt fan wetter mar 69°C. En yn in hegedrukpan siedt it wetter by 120°C. Hja sprekt dêrom ek oer it normaal siedpunt foar it siede by 1 atmosfear.

De floeistof dampline dy’t de dampdruk útset tsjin de temperatuer lit sjen by hokker druk hokker siedpunt fan tapassing is. Hjirûnder is de dampline foar wetter werjûn.

De floeistof dampline rint fan it tripelpunt oant it kritysk punt. Under it tripelpunt, as de stof ûnderkoalle is, sil sy fêst wêze en ferdampt sy troch súblimaasje. Boppe it kritysk punt bestiet der gjin oergong mear tusken de floeistof en gas en bestiet der dan ek gjin siedpunt mear.

Tapassings

By distillaasje wurdt it siedpuntferskil fan stoffen brûkt om in skieding ta stân te bringe.

Yn de keuken wurdt siede brûkt om iten, bygelyks griente, gear te krijen. By it gearjen fine gemyske reaksjes plak, wêrtroch it iten better smakket en sêfter wurdt. De gearingstiid hinget ôf fan de temperatuer, sa sil yn in hegedrukpanne fiedsel hurder gear wurde troch de hegere temperatuer (en net troch de hegere druk).

Ek kin troch ynkoaitsje de smaak fan it fiedsel feroarje. Mei de ûntkommende dampen wurde net winske geurstoffen meinommen. Dit ferskynsel wurdt beskreaun troch de lear fan de distillaasje en de steamdistillaasje. It ferwiderjen fan net winske geuren troch ynkoaitsje giet it best op heech fjoer, sûnder deksel, omdat dan gjin rektifikaasje tsjin it deksel of de wannen plakfynt wêrtroch de geurstoffen werom gean kinne.