Maksiminus Daia: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: 250px|right|thumb|250px|Munt mei ôfbylding fan Maksiminus Daia '''Maksiminus Daia''', folút '''Gaius Valerius Galerius Maximinus''' (20 novimber [[2...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 jul 2008 om 15.00

Ofbyld:128 Maximinus II.jpg
Munt mei ôfbylding fan Maksiminus Daia

Maksiminus Daia, folút Gaius Valerius Galerius Maximinus (20 novimber 270 - july/augustus 313), berne as Daia, ek wol bekend as Maksiminus II Daia, wie keizer fan it Romeinske ryk fan 308/310 oant healwei 313.

Skiednis

Jonge jierren

Daia waard berne yn de Romeinske provinjse Illirikum, en kaam út in boerenfamily. It wie te ferwachtsjen dat er krektsa as syn heit skieppehoeder wurde soe, mar syn libben ferrûn oars. Daia wie neef fan Galerius dy't letter ek keizer wurde soe en gong krektsa as syn omke yn it Romeinske leger. Dêr makke hy stadichoan opgong yn ferskate militêre funksjes. Daia wie troud en hie bern dêr't allinnich de namme fan syn soan Maksimus bekend fan is.

It keizerskip

Op 1 maaie 305 beneamde syn omke Galerius, dy't sels krekt keizer wurde wie as de opfolger fan Diokletianus, him as Caesar. It gebiet dat er bestjoere moast besloech it Midden-Easten en it súdlik part fan Lyts-Aazje.

As yn 306 de meikeizer fan Galerius, Konstantius Klorus komt te ferstjerren giet dizze dermei akkoard dat de soan fan Konstanius Klorus, Konstantyn de Grutte, Caesar wurdt. Serverus II waard nije meikeizer fan't westen. Yn Rome ferklearret Maksentius him lykwols ek ta keizer, en by in poging dat te ferhinderjen stjert Severus. Op in byienkomst by Karnuntum wurdt de Konferinsje fan Karnuntum holden en besletten dat dat Lisinius de opfolger wurdt fan Severus en dat Konstantyn ek keizer wurde mei. Daia hie sels ek graach keizer wurde wollen, mar is dat nei alle gedachte nooit offisjeel wurden. Wol brûkte hy tidens syn fjildtochten tsjin de Perzen yn 310 de titel fan keizer (Augustus). Lykwols bliuwt hy trou oan syn omke. .

Daia hie sûnt de konferinsje fan Karnuntum yn 308 in hieltyd gruttere hekel krige oan Lisinius en nei de dea fan Galerius yn 311 eskaleerde de situaasje. tie. Ze verdeelden Galerius' deel van het rijk, met als grens de Bosporus. Het kwam nog niet tot een burgeroorlog. Daia sloot wel een verbond met de usurpator Maxentius, die nog in Rome zat.

Ein

Yn 312, doe't Konstantyn Maksentius yn Itaalje oanfoel, wie Daia op fjildtocht yn Syrje. Doe't hy hearde fan de dea fan Maksentius en it ferbûn fan Lisinius mei Konstantyn waard er lulk en ûnderbruts syn fjildtocht. Hy kearde werom nei Bythinia en stiek yn april 313 de Bosporus oer mei in leger en oermasterre Byzantium nei in belis fan 11 dagen. Op 30 april arrivearre Lisinius mei in leger dat folle lytser wie dan dat fan Daia. By Adrianopel kaam it ta in fjildslach dy't troch Lisinius wûn waard. Daia's troepen wienen ferswakke en sloegen op de flecht. Ek Maksiminus Daia moast flechten en ferklaaie as slaaf koed er fuort komme. Mar letter dat jier waard er deade. Syn part fan it Romeinske ryk waard oernomd troch Lisinius.

Keppeling omt utens