Huzum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
st
Rigel 1: Rigel 1:
[[Image:Huizum Dorpskerk.jpg|thumb|De Huzumer doarpstsjerke]]
[[Image:Huizum Dorpskerk.jpg|thumb|De Huzumer doarpstsjerke]]
'''Huzum''' wie eartiids in doarp yn de [[gritenij]] [[Ljouwerteradiel]]. Tsjinwurdich is it in wyk yn de [[Fryslân|Fryske]] haadstêd [[Ljouwert]]. Der binne likernôch 9.000 bewenners.
'''Huzum''' wie eartiids in doarp yn de [[gritenij]] [[Ljouwerteradiel]]. Tsjintwurdich is it in wyk yn de [[Fryslân|Fryske]] haadstêd [[Ljouwert]]. Der binne likernôch 9.000 bewenners.


Yn Ljouwert wurd ûnderskied makke tusken ''Huzum doarp'' en ''Huzum West''. De grins dêrtusken is de [[Skrâns]] en de [[Ferlingde Skrâns]]. Huzum doarp leit rûchwei tusken de [[De Potmarge (wetter)|Potmarge]] en de ''Aldlânsdyk''. Huzum West tusken de ''Julianaleane'' en en it spoar.
Yn Ljouwert wurd ûnderskied makke tusken ''Huzum doarp'' en ''Huzum West''. De grins dêrtusken is de [[Skrâns]] en de [[Ferlingde Skrâns]]. Huzum doarp leit rûchwei tusken de [[De Potmarge (wetter)|Potmarge]] en de ''Aldlânsdyk''. Huzum West tusken de ''Julianaleane'' en it spoar.


Huzum is wol wat in spesjaal part fan Ljouwert. De minsken dy't der wenje neame harsels ''Huzumers''. Dit komt benammen troch de wichtige winkelstrjitte de Skrâns. Dêr is fan alles te keap en dêrom is by de Huzumers de needsaak om de stêd yn te gean minder.
Huzum is wol wat in spesjaal part fan Ljouwert. De minsken dy't der wenje neame harsels ''Huzumers''. Dit komt benammen troch de wichtige winkelstrjitte de Skrâns. Dêr is fan alles te keap en dêrom is by de Huzumers de needsaak om de stêd yn te gean minder.

De ferzje fan 14 feb 2008 om 13.11

De Huzumer doarpstsjerke

Huzum wie eartiids in doarp yn de gritenij Ljouwerteradiel. Tsjintwurdich is it in wyk yn de Fryske haadstêd Ljouwert. Der binne likernôch 9.000 bewenners.

Yn Ljouwert wurd ûnderskied makke tusken Huzum doarp en Huzum West. De grins dêrtusken is de Skrâns en de Ferlingde Skrâns. Huzum doarp leit rûchwei tusken de Potmarge en de Aldlânsdyk. Huzum West tusken de Julianaleane en it spoar.

Huzum is wol wat in spesjaal part fan Ljouwert. De minsken dy't der wenje neame harsels Huzumers. Dit komt benammen troch de wichtige winkelstrjitte de Skrâns. Dêr is fan alles te keap en dêrom is by de Huzumers de needsaak om de stêd yn te gean minder.

Skiednis

It âlde doarp Huzum is boud op in terp. Likernôch 1000 n. Kr. waard dy foar it earst bewenne. De earste skriftlike boarne dêr't melding yn makke wurdt fan Huzum is in brief fan Wibald fan Stablo, de abt fan Corvey. Dy skreau syn brief út namme fan de "Khristenen van de Parochie Lieuward ten jaren 1149" oan de biskop fan Utert. Neist foarstellen oer de tsjerke fan Ljouwert, joech dy abt yn syn brief advizen om de oanlis en de bewenning fan Huzum opgean te litten yn dy fan Ljouwert.

Oant 1 jannewaris 1944 wie Huzum it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel. Under de Dútske besetting waard it súdlike stik fan de gemeente Ljouwerteradiel, it Sudertrimdiel, by de gemeente Ljouwert foege. Dêrtroch waard Huzum in wenwyk fan Ljouwert.

It Huzumersk

It stedsk dat in echte Huzumer praat is wat ôfwikend fan de it stedsk dat yn oare parten fan de stêd foarkomt. It komt wat sêfter, formeler oer: oantsjuttings as 'dou' of 'stou' sil in echte Huzumer net brûke; hy sil altyd foar 'jou' kieze.

Taal Sin
Frysk Dat moast sto net dwaan.
Ljouwertersk Dat must stou niet doen.
Huzumersk Dat mutte jou niet doen.
Nederlansk Dat moet je niet doen.

Eksterne keppeling