Jirnsumer Moeting: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{wurk}} {{Ynfoboks bouwurk | namme = Jirnsumer Moeting | ôfbylding = | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst =..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 jun 2021 om 16.40

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Jirnsumer Moeting
bouwurk
lokaasje
plak Jirnsum
adres Ryksstrjitwei
bysûnderheden
type bouwurk tinkteken
subtype byldhouwurk
boujier 2010

Jirnsumer Moeting is in pylgermonumint oan de Ryksstrjitwei yn Jirnsum. It monumint stiet oan it Jabikspaad foar de herfoarme Mauritiustsjerke yn Jirnsum oer. It tinkteken stiet op dit plak omdat yn Jirnsum de westlike en eastlike rûte fan it Jabikspaad gearrinne.

Jabikspaad

It Jabikspaad, de Fryske Pylgerrûte nei Santiago de Compostella, rint fan Sint-Jabik nei Hasselt. It Jabikspaad rint yn Fryslân troch in gebiet fan wêrút tûzenen Friezen yn de midsiuwen ûnder begelieding fan de Ridders fan de Dútske oarder foar krústochten en pylgerreizen ôfsetten nei Jeruzalim en nei Santiago de Compostela. Fanút Raerd komt de wei fanút Westergoa, met de stêden Frjentsjer, Snits en Boalsert. Fanút Friens en Reduzum komt de wei fanút Eastergoa, mei de stêden Ljouwert en Dokkum. Feriene folgje hja no de rivier de Boarn en de sânrêgen troch it fean nei Stienwyk en fierder nei Jeruzalim, Rome of Santiago. Ut Fryslân wei folgen hja de paden nei it suden, lân de ouwers fan de Boarn.

Oer it byld

De Jirnsumer Moeting is opboud út twa muorren fan mitsele âlde friezen. Fan dizze grute bakstiennen waarden yn de midsiuwen de Fryske tsjerken en stinzen boud. Dy âlde friezen komme út sa’n 350 Fryske kleasters en tsjerken, boud yn de perioade 1200 oant 1500. Op in ynformaasjeboerd stiet oanjûn wêr’t elke stien weikomt. De kleastermoppen foar it monumint waarden by elkoar brocht troch de Jirnsumers Loadewyk en Yge Damsma (1921-2010), dy’t fan it samljen syn libbenswurk makke ha. [1] Damsma (1921-2010). In diel fan syn samling kleastermoppen is ferwurke yn de Friezetsjerke yn Rome.[2] Om it gearrinnen fan beide rûtes te markearjen is der troch de stifting Jabikspaad Fryslân in pylgermonumint komd. Krekt als de twa paden dy't by inoar komme, slute de beide mitsele muorredielen op inoar oan. Fan boppen besjoen liket it oft twa wegen as in ritssluting gearrinne om as bredere wei fierder te gean.

De ûntbleating op 5 juny 2010 troch de Fryske deputearre Hans Konst wie tsien jier nei de iepening fan it Jabikspaad. By de ûntbleating lei oer it monumint in grut wyt kleed mei it opfallend blauwe krús fan Jirnsum. Yn de mande mei in tal opfallend klaaide pylgers helle Konst de kleden fan it monumint e fan it ynformaasjepaniel. Steande op it monumint waard troch pylger Jan Romkes van der Wal in mytsk pygerferhaal ferteld.

Symboalysk

De Jirnsumer Moeting symbolisearret ferskate moetings yn Jirnsum:

  • de moeting fan de east- en de westrûte fan it Jabikspaad, dy’t út Jirnsum wei mienskiplik harren paad ferfolgen yn súdlike rjochting;
  • de moeting fan de pylgers en de oare wannelers/fytsers dy’t hjir fanút it Fryske Eastergoa en Westergoa by elkoar kamen om fierdermei elkoqar nei it suden te reizgjen;
  • de moeting fan de mear as 500 kleastermoppen, dy’t hjir yn ien monumint feriene binne.

De stiennen ferwize nei de minsken dy’t hjir wennen en wurken, dy’t hjir doopt waarden en, dy’t hjir boasken en hjir begroeven waarden, dy’t lâns dizze âlde stiennen rûnen en elkoar moeten. Pylgers dy’t op reis giene nei fiere oarden. De Jirnsumer Moeting symbolisearret ien fan de wichtichste ûnderfinings fan in pylger: de moeting. In soad Friezen moetsje harren libbenspartner yn it Jirnsumer útgeanslibben yn en om de herberch De Twee Gemeenten.

De spoarline en de autowei nei it suden rinne bylâns de âlde hearbanen of hearwegen, wat de wegen fan de hear (it leger) betsjut. De pylgers folgen dizze hearbanen, dy’t oant hjoed-de-dei de âlde namme Hearenwei of Hege Hearewei drage. In pylgerwei liket op in rivier dy't begjint mei ien reindrip dy’t op de ierde falt. Yn de mande mei oare drippen ûntstiet dan in wetterstreamke, in beekje. Op it lêst foarmet him in machtige rivier dy'teiniget yn de see. Pylgertochten einigje faak yn in see fan minsken: yn de sporttimpels fan It Hearrenfean, yn Mekka om de Kaäba, yn Rome op it Sint Pitersplein. De Wei nei Compostela einiget by Finisterra oan de Atlantyske Oseaan. Jirnsum leit sûnt 2000 op beide routes fan it Jabikspaad, in kuier- en fytstocht fan 150 kilometer fan Sint Jabik nei Hasselt. Yn 2010 is it pylgermonumint de Jirnsumer Moeting by it Jabikspaad ûntbleate.

Stimpel

Fan de Jirnsumer Moeting is troch de tekener fan de Fryske Rie foar Heraldyk Jelle Terluin, in Jirnsumer ‘Moetingsstimpel’ makke, dy’t Jabikspaadrinners op harren stimpelkaart krije kinne. Op de Jirnsumer stimpel stiet it mitsele muorke sintraal, wylst it Mauritiuskrúske út it wapen fan Jirnsum dêr boppe ôfbylde stiet. Tusken de beide muorredielen en dêrûnder de Sint Jabiksskulp en de wulk fan it Jabikspaad, as symboalen fan de pylgers of rinners. Yn it râneskrift stiet: ‘’Jirnsumer Moeting. De fuotstappen yn 'e râne wolle oanjaan dat it in kuierpaad is, hoewolt ek op de fyts dit paad te gean is’’.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. webside fan Jirnsum
  2. santigo.nl

[Kategory:Monumint yn Ljouwert]] [Kategory:Jirnsum]] [Kategory:Bouwurk út 2010]]