90.456
bewurkings
(bs) |
No edit summary |
||
| webside =
}}
'''Us Mem''' is in stânbyld fan in ko yn de stêd [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De brûnzen Us Mem is makke troch [[Gerhardus Jan Adema]]. De ko is neffens de regels fan it [[Frysk Rundfee Stamboek]] (FRS) foarmjûn en stelt sadwaande de ideale ko foar. De swartbûnte [[Frysk-Hollânske ko]] wurdt wol sjoen as it wichtichste Fryske eksportprodukt. It byld is in yn [[1954]] troch it FRS jûn as jublileumgeskink en stie dan ek tsjinoer it gebou fan de Stamboekferiening op it – eartiids beamkerike en troch Hotel De Klanderij flankearre – Suderplein.
It mear as libbensgrutte byld wie geregeld mikpunt fan aksjefierders. Sa waard it rôse ferve by in aksje tsjin diskriminaasje fan homo's en krige it in dek tsjin graffity en waard bekladde doe't de Molukkers oandacht fregen.
It byld wie fan de stichting Us Mem. Dy stichting is opgien yn it [[Frysk Lânboumuseum]].<ref>Ljouwerter Krante: ''Us Mem verdient plek in centrum'', 1 desimber 2020.</ref>
{{boarnen|boarnefernijing=
* [[Ljouwerter Krante]]: 15 febrewaris 1954, 17 en 24 augustus 1954, 6, 7, 9 en 18 septimber 1954 (sjoch [http://www.archiefleeuwardercourant.nl/ Argyf Ljouwerter Krante])
{{Reflist}}
}}
|