Allard Schuilinga: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(Side makke mei "'''Aaldert Jan Schuilenga''' (Surhústerfean, 18 oktober 1943 - Drachten, 2 novimber 2020) wie in Nederlânske Christen-Democratisch Appèl|CDA-po...")
 
No edit summary
 
Hy wie in soan fan in fabrikant fan ytbere waar en gie nei de [[kweekskoalle]] yn [[Drachten]]. Ynearsten gie er oan it wurk by snobbersguodfabryk [[Fortuin (snobbersguodfabrikant)|Fortuin]] yn [[Dokkum]]; letter rekke er belutsen by it kluphûswurk op [[De Harkema]] en omkriten.<br>
Schuilenga waard dosint op in lbo-skoalle yn [[Delfsyl]]. Yn dat plak waard er om 1982 hinne polityk aktyf en is er jierren [[wethâlder]] west. Op 1 oktober 1993 folge syn beneaming ta [[boargemaster]] fan [[Boalsert (gemeente)|Boalsert]]. Hy krewearre dêr foar it oanheljen fan nije bedriuwen nei it sluten fan de suvelskoalle dêre en wie foarstanner fan it brûken fan it [[Frysk]].<ref>''Voormalig burgemeester Schuilinga overleden''; Frysk Deiblêd, 16 novimber 2020</ref> Nei in pear lichte harsensynfarkten joech er dy funksje ein 2001 earder opoer en waard dêrder in waarnimmend boargemaster beneamd. Yn april 2003 kaam der formeel in ein oan syn boargemasterwêzen.
 
Schuilinga stoar yn de âldens fan 77 jier yn Drachten.

Navigaasjemenu