Springe nei ynhâld

Wijbrand Waltinga

Ut Wikipedy

Wybrand Waltinga wie yn 1544 grytman fan Hasker Fiifgea en wenne op De Jouwer.

Wybrand wie de soan fan Auke Walinga. Hy wie troud mei Ede Reignalda en hie mei har fjouwer bern. Hy wie yn 1544 grytman út namme fan de Keizerlijke Majesteits grytman fan Hasker Fiifgea. Mooglik wie hy dat as plakferfanger.[1] Yn 1545 waard hy opfolge troch Jelle Broers Hylckama.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795 met eenige geschiedkundige aantekeningen troch jhr. mr. Hobbe Baerdt van Sminia