Springe nei ynhâld

Wiglius Schultetus Aeneae

Ut Wikipedy

Wiglius Schultetus Aeneae, ek Aenée, (Sint-Jabik, 22 augustus 1816 - dêre, 9 jannewaris 1889) wie in dokter yn Sint-Jabik.[1][2]

Hy studearre medisinen oan de Universiteit Grins en promovearre dêre op 16 juny 1841 op it proefskrift De haemorrhagiis uteri in graviditate.[3]

Hy waard bekend troch syn fertaling yn it Nederlânsk en útjefte fan Wopke Jakobs de Jong syn satirysk pamflet De Dominijs hifke, mar follen to licht achte (1840).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte, AlleFriezen
  2. Dea-akte, AlleFriezen
  3. Aeneae, Wiglius Schultetus, Wumkes, G.A., NNBW diel 10, 1937