Wiebelsheim

Ut Wikipedy
Wiebelsheim
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 569 (2022)[1]
Oerflak 7,34 km²
Befolkingsticht. 78 ynw./km²
Hichte 440 m
Oar
Postkoade 56291
Koördinaten 50° 4'N 7° 38'E
Offisjele webside
www.wiebelsheim.de
Kaart
Wiebelsheim (Rynlân-Palts)
Wiebelsheim

Wiemelsheim is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De Bundesautobahn 61 rint by it doarp lâns.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Petrus- en Paulustsjerke is in gebou út de jierren 1846-1847.

Yn it noardwestlike diel fan it doarpsgebiet en it súdwestlike diel fan it doarpsgebiet fan Perscheid leit it natoergebiet Struth, dat mei 871 ha ien fan 'e grutste natoergebieten fan Rynlân-Palts is. Oan 'e súdkant fan it natoergebiet grinzget it 76 ha grutte Tierpark Rheinböllen (oant 2020: Hochwildschutzpark Hunsrück).

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 1940 oant septimber 1941 wie by it doarp in kamp foar kriichsfinzenen, it Stalag XII C Wiebelsheim. Nei de opheffing waarden de finzenen ûnder de kampen Stalag XII A (Limburg oan de Lahn/Diez) en Stalag XII D (Trier-Petrisberg) ferdield.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: