Wide Wjittering

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Wide Wjittering is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint yn De Deelen fan de Fjoerlânswei besuden Aldeboarn nei it súdeasten en komt út op de Heafeart.

De namme Wide Wjittering jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde- of Oudewegsterwetering.