Wia Bouma
Wia Bouma, folút Wytske Antje Bouma (Drachten, 21 augustus 1957), is in Fryske keunstner. Se folge in oplieding oan de Akademy foar byldzjende keunst Vredeman de Vries yn Ljouwert. Se rûne har stúdzje ôf yn 1992 mei as rjochting monumintale foarmjouwing.
De techniken dy't se brûkt binne oaljeferve op doek of paniel en inkt/kryt op papier. Tekstuer, ferfining en pinsielfiering ôfwiksele mei swierdere oansetten binne ek ûnderdiel fan har wurk. De styl wikselt tusken ympresjonistysk nei ekspresjonistysk.
Wia's grutste ynspiraasjeboarnen binne minsk en natoer. Har wurk bestiet dan ek foar in grut part út portretten en lânskippen. It natoerlike aspekt fan beweging en stilte, yntimiteit en romte komme yn de ûnderwerpen werom.
Se hat meidien oan de Iepen Atelierrûte yn Ljouwert. Yn 2008 hie se in solo eksposysje yn Artemisa mei as tema 'It lânskip, de ferve en ik'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |