Springe nei ynhâld

Whitehorse (Yukon)

Ut Wikipedy
Whitehorse
Bestjoer
Lân Kanada
Territoarium Yukon
Sifers
Ynwennertal23.276 (2011)
Oerflak416,44 km²
Befolkingsticht.55,9 / km²
Stêdekloft8.488,91 km²; 26.028
Hichte670–1.702 m
Oar
Stifting1898, 1950 (stêd)
TiidsônePasifyk (PST) (UTC-8)
SimmertiidPDT (UTC-7)
Koördinaten
Offisjele webside
www.city.whitehorse.yk.ca
Kaart
Whitehorse (Yukon)
Whitehorse
Lizzing fan Whitehorse yn de Yukon.

Whitehorse is in stêd yn Kanada en ek haadstêd fan it Kanadeeske territoarium Yukon, sûnt 1952. Dat jier ferhuze it bestjoer fan Yukon fan Dawson City nei Whitehorse.

De namme Whitehorse komt fan in streamfersnelling (White Horse Rapids) yn de omkriten: it wyld skûmjend wetter die tinken oan wite, springende hynders.

Whitehorse hat, nettsjinsteande syn isolearre lizzing, goede ferbiningen:

De grutste wurkjouwers binne de iepebiere tsjinsten, dêrnei komt it toerisme. Westlik fan Whitehorse leit sa'n 12.500 ha lânbougrûn, it measte yn de Takhinidelling.

Whitehorse hat, krekt as Yellowknife, in (sub)poalklimaat, it klimaat is ekstreem: Trochstrings −22 °C yn jannewaris en 21 °C yn july. Simmers is it 20 oeren deis ljocht.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Whitehorse, Yukon fan Wikimedia Commons.